GrienLinks yn Opsterlân hat noed oer rubberkerrels op keunstgersfjilden

03 aug 2020 - 15:12

De fraksje fan GrienLinks-OpsterLanders yn de gemeente Opsterlân makket him noch altyd soargen oer it brûken fan rubberkerrels op keunstgersfjilden. De fraksje hie in pear wiken lyn fragen steld oer de kwestje en krige doe te hearren dat der ûndersyk nei dien wurdt, bygelyks nei hoe skealik it guod is foar it miljeu.

Foto: Henk Bootsma

Yntusken hat GrienLinks-OpsterLanders foto's krigen fan iepene pûden mei kerrels rubbergranulaat dy't njonken de fjilden fan vv De Sweach yn Beetstersweach lizze.

De fraksje freget him ôf oft soks sûnder beskermjende maatregels opslein wurde mei by sportfjilden, en wat der dien wurdt om foar te kommen dat bern der mei begjinne te boartsjen.

Ek wol de partij witte oft der by alle sportfjilden yn Opsterlân matten lizze dêr't sporters de fuotten op ôffeie kinne, om foar te kommen dat de rubberkerrels ferspraat wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)