Kringloopwinkel Burgum bliuwt foarearst ticht

03 aug 2020 - 14:43

De Estafette kringloopwinkel fan Omrin yn Burgum bliuwt foarearst ticht yn ferbân mei de coronakrisis. Reden is dat it finansjeel net helber is om de winkel iepen te dwaan. Der moatte tefolle betelle krêften ynset wurde.

Argyffoto fan de kringloopwinkel fan Estafette yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De kringloopwinkels fan Estafette yn Fryslân draaie foar in part op frijwilligers. De ekstra betelle krêften binne nedich om de klanten te wizen op de coronamaatregels lykas de oardelmetermaatregel en de hygiëne.

Alle oare filialen yn de provinsje binne wol wer iepen. Dêr kin it finansjeel wol út, neffens in wurdfierder fan Omrin.

(advertinsje)
(advertinsje)