Hokker 'stille' Fryske helden stutsen de hannen út de mouwen yn de coronakrisis?

Minsken út de soarch dy't dei en nacht warber wienen, dyn beppe dy't foar de buorman lekker iten klearmakke of in inisjatyf wêrby't iensume minsken hûnderten kaartsjes krigen oer de post: it binne in pear foarbylden fan inisjativen dy't ûntstien binne yn de coronatiid. Neffens Danja Overgaag en Juliën Paul Jukema fan NL Bedankt binne dit ferhalen dy't bewarre bliuwe moatte.
© ANP Foto
Fandêr dat sy in boek meitsje oer dizze saneamde 'stille helden' út de coronatiid, sadat we yn de takomst ek mei in posityf en grutsk gefoel werom sjen kinne op dizze perioade.
Yn it boek komme 48 ferhalen fan minsken dy't op harren eigen wize wat bysûnders dien ha yn de coronakrisis. De inisjatyfnimmers sykje nei hiel útienrinnende ferhalen. "Er zijn heel veel mensen die zich op een bijzondere manier hebben ingezet. We zijn op zoek naar heel diverse verhalen, zodat iedereen zich kan identificeren met een verhaal uit het boek", leit Juliën Paul Jukema út.

Ferhalen sammelje

Om al dizze ferhalen te sammelje en te selektearjen, wurkje Jukema en Overgaag gear mei 32 frijwilligers. Jukema: "Al deze mensen helpen vanuit hun beroep mee om die bijzondere verhalen te verzamelen. We zijn vooral op zoek naar de verhalen van stille helden die anders verloren gaan. Het zijn juist de mensen die niet in de media komen die mooie verhalen hebben."

Beskieden Friezen

Yntusken binne de earste nominaasjes binnen. Ut Fryslân wei bliuwt it lykwols stil, seit Jukema. "We hebben nog geen nominaties ontvangen uit Friesland, misschien wel omdat Friezen zo bescheiden zijn", laket er. Fandêr de driuwende oprop oan elkenien yn Fryslân om stille helden troch te jaan. "Hoe klein sommige daden ook lijken, elk verhaal is welkom."
It boek sil yn novimber ferskine, is de planning.
Julien Paul Jukema oer it boek

Jou dyn nominaasje troch!

Wolsto dyn buorfrou, dyn skoansus of dyn kollega nominearje as stille held yn de coronatiid? Dat kin fia de webside fan NL Bedankt.