Fryske en Biltske 'buordsjeboeketten' yn Frjentsjer en Sint-Anne

Yn Frjentsjer en yn Sint-Anne binne buordsjes pleatst mei Fryske en Biltske krûdenammen. Dêrmei wolle de inisjatyfnimmers, gemeente Waadhoeke, Praat mar Frysk en Silence of the Bees, sjen litte hokker krûden se hoopje dat der groeie mei it oanpaste meanbelied.
© Afûk
De nammen op de buordsjes binne yn it Frysk en it Biltsk. Se ferbine dêrmei it taalferskaat yn Waadhoeke oan bioferskaat. Der sitte moaie nammen by, lykas Blauwe skoentsys, Ingelwuttel (Biltsk) en Juffer Lizeblom en Fûgelwikke (Frysk)? Mei elkoar binne der santjin Fryske en Biltske blomme- en krûdenammen yn de 'buordsjeboeketten' opnommen.
Waadhoeke is ferline jier begûn mei it omfoarmjen nei ekologysk behear fan de bermen. De buordsjes binne bedoeld om benammen it petear oer bioferskaat op gong te helpen. Wethâlder Jan Dijkstra: "It soe moai wêze as de ynwenners nei oanlieding fan dy buordsjes ris googleje en mei inoar yn petear geane."
© Afûk
Earder hat Praat mar Frysk al ris buordsjes pleatst yn Droegeham en Terherne om omtinken te freegjen foar it Frysk yn de publike romte, mei teksten as 'Dit is in moai plakje om te tútsjen'.