Waskhantsje as symboal om bewust mei wetter om te gean

03 aug 2020 - 12:34

Op ferskate campings yn Fryslân wurdt fan tongersdei ôf op ludike wize oandacht frege foar wetterbesparring. Yn Heech, Sumar en Appelskea wurdt de foarstelling 'Ode aan de washand', fan keunstneres Marjan Beuker, opfierd. De foarstelling is in spin-off fan Vonketon, de online brainstoarm oer duorsumens dy't yn maaie hâlden waard.

Foto: Vonketon.org

"It idee is dat we de foarstelling mei de gasten op de camping meitsje", fertelt Wini Weidenaar, wurdfierder fan Vonketon en belutsen by dit projekt. "We nimme de waskhantsjes mei en de ynstek is om dêrmei in keunstobjekt te meitsjen. We dogge dat krekt mei waskhantsjes om't de minsken har eartiids mei in waskhantsje wosken. No stean we alle dagen ûnder de dûs, dêrmei fergrieme we in soad wetter."

Bewustwurde

Mei dit projekt wolle se minsken bewust meitsje. "Weromgean nei it waskhantsje is miskien wat tefolle frege, mar we kinne der wol oerneitinke. De measte minsken dûse 8 minuten en as se dat 4 minuten werombringe skeelt dat al in hiel soad. Ast dy besefst dat op guon plakken minsken gjin drinkwetter hawwe en wy ús dermei ôfspiele, is dat eins wol gek."

Krekt op it momint dat de hjitteweach begjint, is it neffens Weidenaar in goed momint om de foarstelling te dwaan. "Kinst dingen ek oars dwaan, lykas de tún bereine mei reinwetter net mei drinkwetter." Se kieze der bewust foar om it op de camping te dwaan. "We wolle it ludyk hâlde en it yn in leuke sfear te dwaan en net mei it fingerke wize."

Wini Weidenaar

Dûse - Foto: Shutterstock.com
(Advertinsje)
(Advertinsje)