Bakkers, slachters en grienteboeren plukke de fruchten fan coronatiid

03 aug 2020 - 12:23

Bôle by de bakker wei, fleis fan de slachter en fruit by de grienteboer: lytse ambachtlike saken dogge goeie saken yn coronatiid docht bliken út sifers fan ûndersyksburo GfK. Benammen grienteboeren en slachters seagen de omset de ôfrûne moannen mei 30 oant 40 prosint omheech gean. Dat komt benammen om't minsken yn coronatiid thús ite moatte en dêr mear fan genietsje wolle.

Bakkers, slachters en grienteboeren plukke de fruchten fan coronatiid

Boppedat spilet ek de saneamde 'supermerkeangst' in rol. Minsken binne bang foar grutte kloften en winkelje dêrom leaver by de bakker, slachter of grienteboer om 'e hoeke.

Ek yn Fryslân fernimme bakkers, grienteboeren en slachters dat hieltyd mear minsken harren boadskippen it leafste lokaal helje. Dat jildt ek foar De Streekboer, dêr't tritich Fryske boeren by oansletten binne om harren produkten lokaal te ferkeapjen. Eigener Sandra Ronde fernimt dat de fraach nei dizze produkten yn de coronatiid flink tanaam is. "De vraag explodeerde. Half juli dit jaar hadden we al een gelijke omzet als vorig jaar in z'n totaal. Dat hadden we niet bereikt zonder de coronacrisis."

Foto: ANP Foto

Iten mei in ferhaal

Neffens Ronde hat de coronakrisis konsuminten oan it tinken set oer wêr't harren produkten weikomme. "Mensen zijn zich gaan afvragen waar hun producten vandaan komen. Wij hebben een webshop waar producten van lokale ondernemers op staan, zodat je precies weet waar je producten vandaan komen. Bepaalde producten gaan echt hard", sjocht ek Ronde. "Tegelijkertijd is dat wat heel veel boeren willen: zo veel mogelijk lokaal producten verkopen. Dit is precies waar we het voor doen. Ze nemen het heft in eigen vork door zelf te bepalen waar hun producten naartoe gaan."

Bysûnder jier

Ronde fernimt dat hieltyd mear boeren har oanslute by De Streekboer. "We zijn altijd op zoek naar nieuwe producenten. Zelfs tijdens de zomervakantie zien we nog dat de vraag naar lokale producten toeneemt. Het is een bijzonder jaar, hoe je het ook wendt of keert."

Sandra Ronde fan De Streekboer

Ek streekwinkel Dijkstra State moat folle faker in ko nei de slachter bringe, fertelt eigener Jelmar Lautenbach.

Jelmar Lautenbach

(Advertinsje)
(Advertinsje)