Ree is it bokje en moat troch brânwacht út boathûs fiske wurde

It is seker yn de simmer gjin ûnbekend byld: reeën dy't yn it wetter swimme. Mar de ree dy't sneintejûn yn in boathûs op De Jouwer bedarre, hie it fêst wat oars yn de holle. It bist kaam fêst te sitten en moast rêden wurde troch de brânwacht.
© AS Media
Nei't de brânwachtmannen de ree út it boathûs fiske hienen, ha se it bist yn de brânwachtauto lein en nei in stik greide brocht. Dêr is er los litten. It bist hold neat oer oan it swimaventoer.