Simmerblog: Simmer yn Earnewâld

03 aug 2020 - 17:40

Omrop Fryslân is moandei de hiele dei yn Earnewâld. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:40
Ein fan dit simmerblog

We binne oan de ein fan dit blog, Tank foar it folgjen!

Tiisdei binne we de hiele dei yn Hartwert, oant dan!

Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering:

17:20
Skûtsjesilen
Geert Kleinhuis, bestjoer en wedstriidkommisje skûtsjesilen Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Skûtsjesilen is wichtich yn it doarp. "It docht wol sear dat de SKS net trochgie, we hienen stommegraach de wedstriid sile wollen. Dêr libje we it hiele jier nei ta en winters binne we der al foar oan it tarieden", seit Geert Kleinhuis fan it bestjoer. "It is de bedoeling is dat we op 12 en 13 septimber in jubileumbokaal fersile yn Langwar. De bemanning is wer sûnt 3 wiken oan it trainen."

De sjarme fan Earnewâld is neffens him it silen yn de nauwe stikjes. "Dat is keunst op himsels is moai skûtsjesilen, om út de lijte wei te silen."

16:20
It pontsje
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It pontsje fart fan it doarp nei camping It Wiid. Der meie fanwegen corona mar in beheind tal minsken, yn fakken, op de pont. "Ik bin de stewardess fan it pontsje."

Troch de rein is it wat rêstiger as oars. "It moaie waar komt deroan, dan krijt de skipper wat help fan ien dy't de sinteraasje docht."

15:10
Museum Kokelhûs
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Museum Kokelhûs is fanwegen de coronamaatregels net iepen foar publyk, mar René Koster mei der wol yn. "It is de âldkeamer Jan en Sjut", fertelt Baukje Bruinsma. "Jan en Sjut wienen kokelflechters, in kokel is in bies yn it Nederlânsk. De reidsoart groeit yn de Alde Feanen, it waard snien en drûge en yn de hjerst wer wiet makke om dan mei te flechtsjen. Sjut wûn der ek wol prizen mei."

Yn 1952 stoar Jan en yn 1955 stoar Sjut. "Yn har testamint hat se it hûs achterlitten foar it doarp Earnewâld, mei as betingst dat alles bliuwe moast sa't it wie. "De teekopkes stean noch op tafel. It is it hûs fan in feanbaas út 1777. De wente no in lyts húske, mar it wie foar dy tiid grut en lúkse mei tegeltsjes op de muorre."

It museum is te lyts om oardel meter ôfstân te hâlden en is oant neier ticht. "Ek de duvelskeamer yn it museum is ticht. Foar corona wie der in soas foar âlderein, mar dat kin no ek net mear."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
13:50
Outdoor: kampearje en rekreëarje
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"We ha troch corona in minder foarseizoen hân, mar no sitte we oant en mei augustus fol", seit Jurjen Veldboom fan it Outdoorsintrum yn Earnewâld. Dêr is in natuercamping op it eardere besikerssintrum fan It Fryske Gea en der binne twa tiny houses. "En we organisearje uitjes foar jong en âld, lekker bûten oan de slach, mei groepen, lykas bôgesjitte en bubblefuotbal. Yn in grut opblaaspak, de poatsjes stekke der noch krekt út, beukst tsjin elkoar oan."

12:35
Parkeardrokte
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It groeiende tal toeristen soarget foar parkearproblemen yn it doarp. "We zijn van een watersportdorp naar meer landtoerisme gegaan", seit Nico Tilstra, foarsitter fan Doarpsbelang. "Tien jaar geleden is het dorp opgeknapt, de waterkant is vernieuwd en er is een parkeerplaats aangelegd in de centrum van het dorp. Maar mensen komen nu meer met de auto, ze willen hier een boot huren of komen met de auto met de fiets achterop." Benammen op de boattrailerhelling is it krap, "dat is soms vechten om een plekje".

De gemeente ken it probleem. "Ze zien dat het vastloopt, mensen komen hier en rijden rond en vinden geen plek, zetten de auto op een plek waar het niet kan of vertrekken weer. Ook voor de inwoners is het lastig, als je de auto verzet, ben je je plekje kwijt."

In oplossing is lestich om't it doarp oan de Alde Feanen leit, der is eins gjin romte. "We blijven zoeken, want het gaat niet alleen om een paar weken in de zomer. Het loopt elke keer vast bij mooi weer, dan staan er 50 trailers langs de weg en half op het fietspad."

Nico Tilstra, foarsitter fan Doarpsbelang

11:16
"It hat noch noait sa drok west"
Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De namme fan de Jan Durkspolder komt fan de feanbaas dy't Jan Durks de Jong hiet, fertelt Anton Huitema fan It Fryske Gea. "Earder stienen hjir ek noch wol pleatsen yn de polder en ek deromhinne. Dy binne ôfbrutsen, want it wie dreech buorkjen yn it feangebiet." Op it fûnemint fan de eardere pleats Romsicht is in hege útsjochtoer boud, dy't in moai oersjoch jou fan de Alde Feanen en de Jan Durkspolder." Ien fan de bedrigingen fan it gebiet is de ferdrûging. "Mar we ha it foech om sels it peil te regeljen en wat wetter yn te litten."

Minsken komme in soad yn irt gebiet fan de Alde Feanen. "Hielendal de lêste tiid, it hat noch noait sa drok as west as de lêste tiid. In soad minsken bliuwe yn eigen lân, Yn de wykeinen is it smoardrok op it wetter en ek de campings sitte fol."

10:39
Fûgelkykhutte yn Jan Durkspolder
Anton Huitema fan It Fryske Gea - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster is yn de fûgelkykhutte yn de Jan Durkspolder. "Der binne altyd wol fûgels te sjen hjir, mar no is it krekt wat rêstiger. It briedseizoen is foar in part al oer, de fûgels binne al nei it suden, en de fûgels dy't hjir yn de hjerst komme moatte noch komme", fertelt Anton Huitema, distriktsmeiwurker fan It Fryske Gea. "Achteryn sitte leppelbekken, der briede hjir sa'n 15 pear en ek binne der ielguozzen en tal fan einesoarten."

De polder is ek ferneamd by reedriders. "It wie in âlde simmerpolder, no stiet it permanint ûnder wetter. It is dus hiel ûndjip en nei in pear nachtfroasten kinst hjir al gau ride."

René Koster praat mei Anton Huitema

9:30
Koekeloere op in skûtsje
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Achter it toerismeburo yn it doarp lizze ferskate skûtsjes. Njonken it SKS-skûtsje fan Earnewâld en it skûtsje fan Drachten. Harm Hollema ferhiert ferskate boaten yn Earnewâld, mar is ek foarsitter fan de stichting fan it skûtsje fan Earnewâld. "No't wy net sile kinne dit jier ha wy besluten om it skûtsje iepen te stellen foar toeristen dy't nijsgjirrich binne nei de silerij. By it toerismeburo krije se ynformaasje oer it skûtsje en kinne se op eigen gelegenheid it skûtsje besjen."

Harm Hollema fan it Earnewâldster skûtsje

9:20
De duvel fan Earnewâld

Earnewâld ken tal fan bysûndere ferhalen. Ientsje dêrfan is it ferhaal fan Freark Prûk, Cornelis Frederik Helfrich. Dy kaam yn Earnewâld te wenjen yn in wenarkje, mei syn frou en bern. Dizze Freark Prûk tanket syn namme oan syn grutte bosk hier. Hy waard ek wol de 'Duvel fan Earnewâld' neamd. Hy wie hannelsman dy't mei allerhanne guod troch de omkriten sutele.

Freark mocht graach fertelle, wêrby't er somtiden flink rôp en raasde. Fandêr de namme 'de duvel'. Bysûnder wie ek dat Freark lêze en skriuwe koe. Doe't syn frou ferstoar en de bern de doar útgongen, is Freark syn bern achternei reizge nei Amearika. Sûnt er op de boat stapte yn Rotterdam ha se yn Earnewâld neat mear fan de man heard.

Freark Prûk, de duvel fan Earnewâld

9:15
Trendsetters op it fuottenein
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Wa't Earnewâld seit, seit skûtsjesilen. It doarp hat in eigen skûtsje en ek is yn it doarp in soad te finen oer de skiednis fan it skûtsjesilen. It Skûtsjemuseum is it plak by útstek dêr't leafhawwers en toeristen alles hearre en sjen kinne oer it libben op in skûtsje. Harm de Vlas is foarsitter fan de stichting Skûtsjemuseum. "De skiednis fan de skûtsjes hat hjir altyd in plak hân. Hjir ha altyd skûtsjes west yn dizze omkriten. Earnewâld wie de earste mienskip dy't in stichting yn it libben rôp om in skûtsje te keapjen. Wy binne 'trendsetters' op it fuottenein wat it skûtsjesilen oanbelanget."

Yn Earnewâld wurdt in soad syld. De silerij sit de Earnewâldsters yn it hert. Dat jildt ek foar De Vlas sels. "Ik ha myn frou moete op in boatsje, ús earste fakânsje wie nei Earnewâld en de bern sile krekt as ús graach yn de fakânsje."

Foarsitter Harm de Vlas

9:00
Wolkom yn Earnewâld

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is moandei te gast yn Earnewâld. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en René Koster dogge de hiele dei ferslach.

Freed wie Simmer yn Fryslân yn Appelskea. Dat kinne je hjir lêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)