Kollum: "Femke"

03 aug 2020 - 08:28

"Wa't Femke hjit, hat it de ôfrûne wike swier hân. Op social media yn elk gefal. Dat kaam troch in ynterview yn it opinyblêd HP/De Tijd mei in Femke dy't 24 jier is en har ferhaal die oer corona. Se hie skjin har nocht fan de lockdown en alle regeltsjes. Sterker noch: har hiele simmer wie nei de kloaten, sa't se it sels sei. Se koe net nei festivals, mocht net nei har beppe ta en koe net lekker op fakânsje nei it bûtenlân. "Ik laat mij niet alles afnemen door zo'n virus", fertelde se. Fan no ôf hâldt Femke har net langer oan de regels, lit se witte.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

It ynterview mei Femke sloech yn as in bom. Hiel Nederlân like der in miening oer te hawwen. De measten wienen net sa posityf, om it noch sêft út te drukken. Femke wie in bedoarn stikje potfretten, dy't wend is om alles te krijen dêr't se om freget. Neffens oaren wie se in egoïstyske kloatsak. En elkenien rôp op om perfoarst gjin Femke te wêzen.

Oan dit ferhaal sitte - sa as altyd - meardere kanten. Yn de media lei it fergrutglês de ôfrûne moannen benammen op âlderen, dy't troch it coronafirus troffen waarden. Ek wie der omtinken foar al dy heiten en memmen dy't thús wurkje moasten en tagelyk master of juffer wienen. Net te ferjitten al dy ûndernimmers dy't samar ynienen harren toko slute moasten. Mar de groep fan 18+ waard in bytsje ferjitten. Wylst dy it ek net maklik hawwe.

Stel dy foar: do wennest op keamers yn Grins, sjochst alle dagen dyn freonen, rinst staazje, en hast in leuk bybaantsje. Troch it coronafirus is dat fan de iene op de oare dei allegear fuort. Meist net mear nei skoalle. Sitst hiele dagen op dyn studintekeamer. Gjin bierke mear mei freonen, gjin staazje mear en gjin bybaan. Tel dêr by op dat de fakânsje net trochgiet en datst de festivalkaartsjes dy'tst kocht hiest wol yn de jiskeamer smite kinst. Ik snap wol dat dizze doelgroep tsjin de coronamaatregels oanskopt.

Dêr komt nochris by dat dizze 18-plussers gjin foarbylden ha fan coronagefallen. Yn harren direkte omjouwing is hast net ien siik wurden is. Mar - en dat is it lestige by dit firus - dat kin ek samar oars wurde. Neffens de sifers wreidet corona him no as diggelfjoer út ûnder jongeren. Yn Rotterdam wie der ôfrûne wike in útbraak ûnder studinten. En dêr sil it fêst net by bliuwe.

Myn earste reaksje doe't ik it ferhaal fan Femke lies, wie ek ientsje yn de trant fan 'egoïstyske trut'. Oan de oare kant hat it my oan it tinken set. Want hoe strang hâld ik my noch oan al dy maatregels? Bin ik ek net in bytsje lakser wurden mei it hâlden fan oardel meter ôfstân? Hiel earlik: ja. Ik bin noch net safier as Femke dat ik der hielendal net mear om jou, mar ik merk dat ik hieltyd makliker wurd. It slûpt der stikem yn.

En hoe soe dat wêze mei al dy minsken dy't op Twitter sa hurd úthellen nei Femke? Soenen dy har allegear noch strak oan de regels hâlde? Of rinne dy ek al wer yn de supermerk flak by elkoar del as se in pak molke út de kuolling helje?

Ik tink dat wy in healjier nei de allerearste Nederlânske coronapasjint allegear in bytsje as Femke binne. Wy witte dat it nedich is, mar we ha allegear ús nocht fan dy coronamaatregels. Wy ha it allegear dreech. Ald én jong. Belangriker noch as elkoar op Twitter te feroardieljen, is om nei elkoar te lústerjen. Kinst sizze watst wolst, mar foar dat petear hat Femke yn elk gefal soarge mei har ferhaal."

(advertinsje)
(advertinsje)