PlusBus Opsterlân rydt wer, mar wol 'mondjesmaat'

De PlusBus fan de Stichting Sosjaal Kultureel Ferfier Opsterlân sil fan moandei ôf wer ride. De bus stie fanwege corona sûnt 16 maart stil. Dat beslút waard naam fanwege de feiligens fan de klanten, mar ek mei it each op de sûnens fan de 45 frijwilligers dy't op de bus ride as sjauffer en wêrfan't in grut part âlder is as 70 jier. De PlusBus sil dizze moanne ''mondjesmaat'' wer ride.
© ANP Foto
Metje Leijenaar is haadkoördinator fan de PlusBus en leit út hoe't dat 'mondjesmaat' ferfier der útsjocht. "Wy nimme net alle ritten oan. Dat betsjut dat wy rolstoelferfier noch net dogge en yn it wykein ek noch net ride. De minsken dy't meiride, moatte in mûlkapke op ha en fan tefoarren de hannen ûntsmette. Se meie sels ek net de doar iepen en ticht dwaan, dat docht de sjauffeur. Wy wolle dizze moanne earst efkes sjen hoe't it rint foardat wy it tal ritsjes mooglik wer opskale."

Foarsichtige frijwilligers

De PlusBus wurdt bestjoerd troch in soad frijwilligers, dy't al op leeftiid binne. In grut part fan dizze frijwilligers hat by Leijenaar oanjûn dat se foarearst noch net op de bus ride wolle. "In tredde fan de sjauffeurs hat oanjûn dat se wol wer ride wolle, mar de rest eins noch net. Dy wolle it dochs efkes oansjen. Dochs starte wy de boel wer op, want de fraach is grut."

Langer ûnderweis

Troch alle maatregels binne sjauffeurs langer dwaande om minsken op te heljen en te plak te bringen. Leijenaar: "Wy ha no langer tiid nedich om minsken ynstappe te litten. De bussen moatte boppedat tuskentroch skjin makke wurde, dus wy ha minder ritten op ien dei." Dochs is Leijenaar wiis dat de bus wer rydt. "Hjir dogge wy it foar."
Koördinator Metje Leijenaar fan de PlusBus