Fraudehelpdesk warskôget foar falske WhatsApp-berjochtsjes

'Laat je niet neppen tijdens het appen.' Mei dy slogan start de Fraudehelpdesk moandei in kampanje om minsken te warskôgjen foar fraude op WhatsApp. Hieltyd faker slaan kriminele harren slach troch minsken fia in WhatsApp-berjochtsje jild ôfhandich te meitsjen. Yn in healjier tiid krige de Fraudehelpdesk meldingen binnen fan mear as 800 slachtoffers. "In totaal gaat het om meer dan 2 miljoen euro", seit wurdfierder Tanya Wijngaarde.
© Omrop Fryslân
Troch it coronafirus hawwe hieltyd mear minsken online kontakt mei elkoar. Dat binne ek in soad âldere minsken, dy't net in soad ûnderfining ha mei social media. In doelgroep dêr't ynternetkriminelen har no op fokusje. "Mensen krijgen een WhatsApp-berichtje van hun zoon of dochter met de boodschap dat ze een nieuw nummer hebben", leit Tanya Wijngaarde út.
"Na een aantal berichtjes melden ze dat ze een financieel probleem hebben en vragen ze om een bedrag voor te schieten. Zo'n berichtje ziet er levensecht uit. Criminelen gebruiken bijvoorbeeld ook de foto van de zoon of dochter. Daarmee denken de slachtoffers dat iemand echt in nood zit en maken ze geld over om te helpen."

Goed 2 miljoen euro

Nei it oermeitsjen fan it jild docht bliken dat it net om de soan of dochter giet, mar om in krimineel. It is in trúk dêr't in hiel soad minsken yntraapje, wit Wijngaarde. Yn de earste helte fan dit jier hawwe der al mear as 6400 meldings by de Fraudehelpdesk west.
It oantal slachtoffers leit lanlik al op goed 800 minsken. "Gemiddeld weten criminelen een slachtoffer op deze manier zo'n 3000 euro af te troggelen. Daarmee staat de teller al op dik 2 miljoen euro aan schade. Helaas krijg je als slachtoffer geen cent terug."

Altyd belje

Wijngaarde warskôget elkenien dy't in berjochtsje krijt fan in famyljelid mei de meidieling dat hy of sy in nij nûmer hat. "Bel mensen altijd op om te controleren of dat echt het geval is, voordat je het nummer verandert. Maak bovendien nooit geld over wanneer iemand daar online om vraagt. Doe dat alleen wanneer je met iemand hebt gebeld en zeker weet dat dit echt je zoon of dochter betreft."

Mear tips

Om mear omtinken te jaan oan dizze foarm fan kriminaliteit start de Fraudehelpdesk moandei mei in grutskalige kampanje op social media. Ek is der omtinken foar datingfraude en nepadvertinsjes. Op de webside fan de Fraudehelpdesk fynst mear tips om gjin slachtoffer te wurden fan ynternetkriminaliteit.
Tanya Wijngaarde fan de Fraudehelpdesk