Dylan Drent wint allinnich mar: "Het klikt vanaf minuut 1"

02 aug 2020 - 21:32

Keatser Dylan Drent moast fanwege in skorsing de earste partij fan dit jier noch útsitte, mar dêrnei giet it bêst: by alle trije haadklassepartijen dêr't er oan meidien hat, krige syn partoer de krânsen. "We stralen een en al plezier uit, we willen graag en we vullen elkaar goed aan."

"Het klikt vanaf minuut 1", seit Dylan Drent oer syn partoer:

Dylan Drent

De Harnzer foarmet dit jier in partoer mei Hendrik Kootstra en Marten Bergsma. Dy lêste nimt dit seizoen it plak yn fan Bauke Triemstra as opslagger. "Het klikt eigenlijk vanaf minuut 1", seit Drent. "We hebben vorig jaar al veel met elkaar gekaatst in partijen met doorelkaarloten. Toen dachten we: hier moeten we misschien werk van maken."

Drent en Kootstra keatse al in pear jier yn itselde partoer en Drent ken Bergsma noch fan in pear jier lyn, doe't se ek alris mei elkoar yn in partoer sieten. No ha se elkoar dus wer fûn.

Hendrik Kootstra, Dylan Drent en Marten Bergsma - Foto: www.orange-pictures.nl

En dat docht oant no ta dus fertuten. De trije wûnen twa wiken lyn de Rengerspartij, ferline wike yn De Hommerts en snein pakten se de haadpriis yn Bitgum. Trije kear waard yn de finale it partoer fan Menno van Zwieten ferslein, wêrfan twa kear mei alles oan 'e hang. "Dylan en ik ha it foarich jier ek wol sjen litten", seit Drent syn maat Hendrik Kootstra. "En no mei Marten derby, dat is in geweldige fersterking. Dus we hiene ek wol ferwachte dat we om de prizen meidwaan soene."

It wie snein dan wol in spannende finale, goed wie it net. "We ha eins net in soad oan it keatsen west", seit Kootstra. "Ik tink dat sy ús mear punten besoarge ha as wysels", doelt er op it hege tal opslachflaters oan de kant fan Van Zwieten. "We krigen de 5-4 fan harren."

Hendrik Kootstra oer de winst yn Bitgum

Van Zwieten baalde logyskerwiis as in stekker. "Alwer de lêste opslaggen derneist. No geane we al trije kear op rige sûnder de haadpriis nei hûs." Yn de finale brocht Van Zwieten de opslach alve kear bûten it perk. "Je witte hoe't Dylan dêr stiet, dêr moatst mei omgean. Sy jouwe de lêste wiken eins neat fuort, dus dan moatst sels oan de bak. Mar ast se dan fuort joust, dan beleannest dysels net."

Menno van Zwieten baalde:

Menno van Zwieten

Foarynse Renze Pieter Hiemstra fynt ek dat it better moat. "We hebben wel een goede dag gekaatst, maar ik baal van het verval in niveau, vooral bij de opslag. Het niveau mag niet zo hard dalen", doelt er op de bûtenslaggen fan Van Zwieten. "En dan slaat Hans er ook nog een paar naast. Daar hoefden ze niets voor te doen."

Van Zwieten-en-dy holpen it partoer fan Bergsma dêr behoarlik mei. "Je merkt aan alles dat er niet heel veel zit tussen onze parturen", seit Hiemstra. "Dan is de vorm in de partij bepalend of je 'm wint of verliest. En als je dan op 5-5 6-4 voorsprong komt, met een kaats, dan moet je het afmaken. Dit gebeurde ook al op de Rengerspartij, dus dit is heel zuur."

Renze Pieter Hiemstra

Gearfetting fan de finale yn Bitgum:

Gearfetting finale

(Advertinsje)
(Advertinsje)