Fjouwer spilers VV Kollum yn karantêne nei coronafirus by ploechgenoat

02 aug 2020 - 20:59

Fjouwer spilers fan fuotbalferiening Kollum krije it advys fan de GGD om twa wiken lang yn karantêne te gean, omdat in ploechgenoat fan harren besmet is mei it coronafirus. Dat meldt de klup op de eigen webside. De spilers ha dizze wike noch mei elkoar traind.

Foto: www.vvkollum.nl

De spiler dy't it coronafirus hat, hie him freed teste litten. In dei letter krige er te hearren dat er it firus hat. Op dat momint wiene syn ploechgenoaten in oefenwedstriid oan it spyljen yn en tsjin Genemuiden. Dat duel is doe stillein en de Kollumer spilers binne direkt nei hûs gien.

Kontaktûndersyk

De GGD hat dêrnei in kontaktûndersyk dien ûnder de spilers en begelieders fan de seleksje. Nei dat ûndersyk ha dus fjouwer spilers it advys krigen om fjirtjin dagen yn karantêne te gean. De ploech traint de kommende twa wiken ek net.

It bestjoer fan de fuotbalklup hat besletten om it jierlikse Lauwersmeertoernoai, dat op 15 augustus plakfine soe, ôf te sizzen.

Trefwurden: 
fuotbal VV Kollum coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)