Plysje nimt lûdsynstallaasje yn beslach fanwege oerlêst

De plysje hat yn Ljouwert in lûdsynstallaasje yn beslach nommen, nei klachten oer lûdsoerlêst. Dat spile him ôf yn de Warmoezenierstraat, yn de wyk Achter de Hoven.
© Shutterstock.com / mstanley
Neffens de plysje wie it lûdsoerlêst net allinnich yn dy strjitte, mar ek yn de fiere omkriten te hearren. De 47-jierrige feroarsaker wie ûnder ynfloed fan alkohol, meldt de plysje. Doe't dy him warskôge, sei er direkt dat er der net mei ophâlde woe.
Nei in nije melding fan lûdsoerlêst hat de plysje de man in boete jûn en syn ynstallaasje ôfnommen.