Amerikaanske ambassadeur yn Fryslân: Nederlânske corona-oanpak is foarbyld

02 aug 2020 - 18:56

Yn Amearika kinne se mooglik noch wol wat leare fan de corona-oanpak hjir. Dat sei ambassadeur Pete Hoekstra fan Amearika snein, koart nei't er op de fyts by Wolvegea oankaam. Hy fytst mei noch fiif oare minsken fan de ambassade de kommende dagen troch alle tolve provinsjes.

Amerikaanske ambassadeur yn Fryslân

Amerikaanske ambassadeur fytst nei Fryslân

"Wy koene dit jier net de Fytsalvestêdetocht dwaan", seit Hoekstra. "Dus ha wy betocht dat wy hiel Nederlân sjen wolle: tolve provinsjes yn sân dagen. It giet derom, om eltse dei wat mear te learen oer Nederlân." En op de fyts is bêst feilich, want dan is it maklik om oardel meter ôfstân te hâlden, neffens Hoekstra.

Op de fraach oft syn lân noch wat leare kin fan de oanpak hjir en yn Europa, seit er: "Je moatte goed witte dat wy dit in Amearika op fyftich ferskate wizen oanpakt hawwe. Alle steaten hawwe harren eigen plannen. Ik fyn dat it Nederlânske regear it behoarlik goed oanpakt hat. Ik moedigje in soad fan ús steaten oan om te sjen nei hoe't Nederlân it dien hat. Dêrby hat it behoarlik goede resultaten behelle."

"Koningskrab kaviaar"

Nei't de ambassadeur, dy't de Alvestêdetocht fjouwer kear fytst hat, yn Wolvegea oankaam, trof er dêr kommissaris fan de Kening Arno Brok yn it restaurant fan Jan Smink, dy't dêr apart de doarren foar iepen dien hie. Nei de kofje en tee mei oranjekoeke is dy gearkomst kulinêr ôfsletten mei in glês sjampanje. Smink: "We hebben een mooie amuse gemaakt met koningskrab kaviaar, ingemaakte komkommer en saffraan."

"Wy binne freonen", seit Hoekstra oer kommissaris Brok. En dy begrypt wol wêrom: "Hy komt hjir ek út Fryslân wei. Hy is dan wol berne yn Grinslân, mar syn famylje komt út de omkriten fan Sint-Nyk. En geregeld treffe wy elkoar. Dat hat ek te krijen mei de bysûndere relaasje tusken de VS en Fryslân. Want wy binne nei Frankryk it earste formele bestjoersorgaan yn Europa dat de VS erkend hat. Yn 2032 is dat 250 jier lyn. Dêrom is der ek wat mear kontakt mei de ambassadeur."

(Advertinsje)
(Advertinsje)