FIDEO: 47-jierrige Chris Wassenaar werom yn de haadklasse

02 aug 2020 - 17:22

47 jier is er, mar snein stie er 'gewoan' wer tusken de oare haadklassers op it keatsfjild yn Bitgum: Chris Wassenaar. Yn stee fan Jelte-Pieter Dijkstra stie hy yn it partoer mei Hendrik Jan van der Velde en Pieter Jan Leijenaar.

Chris Wassenaar hie yn 2009 ôfskied naam fan it haadklassekeatsen, mar de reus fan Minnertsgea wie der snein wer:

Chris Wassenaar

Yn de earste omloop moasten Wassenaar-en-dy tsjin Auke Boomsma, Gabe-Jan van Popta en Laas Pieter van Straten. Oant 2-2 gong it lykop, mar doe rekke Hendrik Jan van der Velde blessearre oan 'e rêch. "Dan misse je dy tredde maat wol", seit Pieter Jan Leijenaar. Se gongen der úteinlik mei 5-2 en 6-2 ôf.

Gjin punten derby foar Wassenaar dus, dy't op 699 hingjen bliuwt. Dochs fûn er it moai om wer op it heechste nivo mei te dwaan. Kin er dat noch wat oan? "Ik bin net benaud", laket er. "It is mar krekt wat je dêrfoar keatst ha oan bygelyks ledepartijen. Je moatte in bytsje ritme ha. Hjoed wie it krekt net goed genôch."

Chris Wassenaar - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)