Partoer Bergsma wint tredde finale op rige fan Van Zwieten

02 aug 2020 - 16:29

Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra ha de haadklassepartij keatsen yn Bitgum wûn. Yn de finale wiene se mei alles oan 'e hang te sterk foar Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. It is de tredde oerwinning op rige foar Bergsma-en-dy, dy't yn al dy finales wûnen fan it partoer-Van Zwieten.

Gearfetting fan de finale yn Bitgum:

Yn in finale mei in soad missers op de opslach, koe gjin fan beide partoeren in gatsje fan mear as in earst pakke. Benammen it partoer fan Van Zwieten makke in soad opslachflaters, mar hiel bot profitearre it trio-Bergsma dêr net fan. Se kamen hieltyd wer ien earst foar, mar oant 3-3 kamen Van Zwieten-en-dy ek direkt werom. Dêrnei kaam it partoer fan Van Zwieten sels op foarsprong.

Op 4-3 en 6-6 hiene Van Zwieten-en-dy de kâns om dochs in spul foarsprong te pakken, mar mei in boppeslach fan Dylan Drent waard it wer lyk. Dy pakten dêrnei wer de foarsprong. De opslach by Van Zwieten en ek by Hans Wassenaar rûn totaal net. Dochs wie it noch net dien, want dêrnei hiene se wer in opleving: fan 5-4 en 4-0 waard it 5-4 en 4-6.

Opslachmissers bepale ek it beslissende earst

Yn it beslissende earst besoarge Drent mei twa boppeslaggen syn partoer in foarsprong, mar opnij kaam it partoer-Bergsma werom, en sels op in 6-4 foarsprong. Doe hie Van Zwieten wer twa opslachmissers, wêrtroch't de tredde oerwinning foar Bergsma-en-dy in feit wie.

Foar Dylan Drent is it trije op trije: de earste twa partijen fan dit jier wie er skorst en dêrnei hat de Harnzer allinnich noch mar wûn.

De reaksje fan Dylan Drent:

Bergsma-en-dy pleatsten harren sûnder al te folle problemen foar de finale. Se begûnen de dei mei winst op Jelle Attema, Lennart Adema en Patrick Scheepstra. It waard 5-2 en 6-2. Dêrnei wiene se mei deselde sifers te sterk foar Johannes van der Veen, Kevin Jordi Hiemstra en Tsjerk Elsinga.

Yn de heale finale wiene Auke Boomsma, Gabe-Jan van Popta en Laas Pieter van Straten de tsjinstanners. Dy hiene de heale finale berikt troch winst op Chris Wassenaar en dy en in steand nûmer op de twadde list. Se koene Bergsma-en-dy net ferrasse, dy wûnen mei 5-1 en 6-0.

Dylan Drent, Hendrik Kootstra en Marten Bergsma - Foto: Henk Bootsma

Der wie in opfallende ferskining op de list: de 47-jierrige Chris Wassenaar, dy't yn 2009 ôfskied naam hie fan it topkeatsen, naam it plak yn fan Jelte Pieter Dijkstra. Mei Hendrik Jan van der Velde en Pieter Jan Leijenaar gong Wassenaar der op de earste list ôf: it partoer fan Auke Boomsma wûn mei 5-2 6-2. Van der Velde foel healwei út mei in blessuere.

It partoer fan Van Zwieten wûn yn de earste omloop mei 5-3 en 6-4 fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Dêrnei, yn de striid om de preemje of neat, wiene Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra de tsjinstanners. Dat partoer hat dit seizoen ien oerwinning achter de namme, en is net sa oppermachtich as de ôfrûne jierren. Yn in oantreklike striid pakten Van Zwieten-en-dy in foarsprong, maar it partoer fan Van der Bos kaam werom oant 5-4. Mar yn dat earst wie it gau klear, mei troch twa boppeslaggen fan Renze Pieter Hiemstra.

Menno van Zwieten nei it ferlies yn de finale:

Trefwurden: 
keatsen Marten Bergsma Bitgum
(advertinsje)
(advertinsje)