Soad nije gesichten yn 1e klasse fierljeppen

Nei de earste fiif fierljepwedstriden is it earste promoasje/degradaasjemomint yn de kompetysje. De sterkste 48 ljeppers wurde op basis fan it klassemint selekteare foar de 1e klasse. Mar leafst 13 fierljeppers makken sneon yn Bûtenpost de stap fan de 2e klasse nei it heechste nivo.
Fierljeppen yn Bûtenpost © Martin de Jong Fotografie

Senioaren

By de senioaren is de grutste namme dy't weromkomt dy fan 7-fâldich Frysk- en Nederlânsk kampioen Bart Helmholt. Hy sette yn 2016 in punt achter syn ljepkarriêre, mar wol noch ien kear alles út 'e kast helje om 22 meter te springen. Helmholt stiet foarearst twadde yn it klassemint, achter Ysbrand Galama. Age Hulder út Burgum is âld-Frysk en Nederlânsk junioarekampioen. Hy komt nei 2 jier ôfwêzigens as nûmer 8 ek werom yn de Topklasse.
Oane Galama is 2-fâldich Frysk en Nederlânsk kampioen. Hy kaam dit jier werom út Nij Seelân en stiet op it 12e plak yn it klassemint. Hy promovearret wol nei de 1e klasse, mar sil dêr de kommende seis wedstriden yn de oergongsklasse begjinne. Allinnich de acht beste ljeppers sitte yn de Topklasse.
© Martin de Jong

Froulju

Ek by de froulju komme in pear âlde bekenden werom op it heechste nivo. Maureen Poiez út Snits waard yn 2015 Frysk kampioen by de famkes. In jier letter krige se in swiere blessuere en soe se fjouwer jier net wer springe. Mar dit jier makket se in comeback en stiet foarearst op it tredde plak, achter Marrit van der Wal en Sigrid Bokma. Neist Poiez komme ek Tessa Kramer (âld-winner NFM) en Anje Bergsma werom yn de Topklasse.

Jonges

De Fryske liederstrui by de jonges hong al om de skouders fan Wisse Broekstra út Tsjummearum, mar no sil hy ek wer te sjen wêze yn de earste klasse. Mei in sprong fan 17.84 meter yn Bûtenpost liet de Fryske jongeskampioen fan 2018 sjen dat hy dé grutte favoryt is foar de titels. Broekstra stie it hiele foarige seizoen oan 'e kant mei in blessuere. Ek Arend Veenstra út Surhuzum en Chris Geerdink út Burgum wurde 1e klasser.
By de famkes geane Grytsje Veltman en Iris Wijbenga omheech en by de junioaren promovearje Auke Zijlstra en Hindrik Westra.
Marrit van der Wal © Martin de Jong Fotografie

Skema 1e klasse wedstriden

Der steane noch seis reguliere fierljepwedstriden op 'e kalinder, foardat yn septimber de kampioenskippen binne.
* Woansdei 5 aug. Gryptsjerk
* Sneon 8 aug. Winsum (Livestream)
* Woansdei 12 aug. It Heidenskip
* Sneon 15 aug. Gryptsjerk (Livestream)
* Woansdei 19 aug. Bûtenpost
* Sneon 22 aug. Drylts (Livestream)
Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere. (Maksimaal 250 besikers)
© Martin de Jong

FK yn Winsum

5 septimber is it Frysk Kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Dêr komme de 48 ljeppers yn aksje dy't op dat stuit yn de 1e klasse ljeppe.
Nei 11 wedstriden is op 22 augustus it twadde promoasje/degradaasjemomint. De beste sân wedstriden telle foar it einklassemint. Dêrnei wurdt de FK seleksje bekend makke.

NK yn Burgum

It fierljepseizoen wurdt ôfsluten op 19 septimber op it NK. Dêr ljeppe de sterkste 24 Friezen tsjin de 24 beste Hollanners om de nasjonale titels.