Steuring yn Weidlânsbrêge by Akkrum

02 aug 2020 - 12:32

Boatsjefarders dy't troch Akkrum wolle, moatte der rekken mei hâlde dat de Weidlânsbrêge net brûkt wurde kin. Der is in technyske steuring. De Weidlânsbrêge leit yn de Leppedyk yn Akkrum.

Foto: Google Street View

Boaten mei in trochfarhichte heger as 1,11 meter + streefpeil moatte omfarre. De ferwachting is dat de brêge minimaal in wike net betsjinne wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)