Stoffige hurdfytsklassiker: Pieter Weening en Anouska Koster hellen einstreek net

02 aug 2020 - 11:48

Twa Friezen fytsten sneon yn de earste echte koers sûnt de útbraak fan corona fiif moanne lyn. De Italiaanske klassiker Strade Bianche waard ferriden: Pieter Weening ried by de manlju 184 kilometer oer stoffige diken en by de froulju die Anouska Koster mei foar de 136 kilometer.

Foto: Trek-Segafredo

Pieter Weening fan De Harkema fytste foar Trek-Segafredo mei yn de swiere koers. Hy helle de einstreek net.

Winner wie de Belch Wout van Aert. Der binne mar 42 riders oer de finish kaam.

Anouska Koster (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Anouska Koster fan De Westereen helle de einstreek ek net. De koers wie neffens har hiel swier troch it parkoers en it hite waar. Der wiene hiele stikken net ferhurde diken by. Op har webside fertelt se dat de earste helte fan de koers prima gie, mar fan de 4e ûnferhurde sektor ôf gie it minder.

"Op die strook zagen we helemaal niks door de hoeveelheid stof. Ik raakte op een gegeven moment met mijn voorwiel een grote steen en reed daardoor lek."

De teamauto wie der gau by en Anouska koe gau wer fierder. Mar dêrnei gie it ljocht út by Koster. De hjitte, stof en it parkoers nekten har. Se moast losse en efkes letter kaam de biezemwein foarby. "Einde koers dus."

Annemiek van Vleuten wie de rapste frou.

(advertinsje)
(advertinsje)