Bestjoerster ramt beam en rekket yn de berm yn De Pein

02 aug 2020 - 11:00

By De Pein hat sneintemoarn in iensidich ûngelok west. Op de Kommisjewei rekke in auto fan de dyk en einige, nei it reitsjen fan in beam, in pear meter fierderop yn de berm.

Foto: ProNews Producties

Plysje en brânwacht kamen om earste help te ferlienen. De bestjoerster wie lykwols sels al út de auto en wie net ferwûne.

It fytspaad is dêrnei frijmakke fan de ûntstiene rommel. De auto is burgen.

Foto: ProNews Producties
Trefwurden: 
ûngelok De Pein
(advertinsje)
(advertinsje)