Rôffûgel fljocht tsjin helm motorrider op N361
In motorrider is sneintemoarn op de N361 by Lauwerseach ferwûne rekke nei't in rôffûgel tsjin syn helm flein wie.
Plysje en ambulânse kamen om earste help te ferlienen. De bestjoerder is foar kontrôle nei it sikehûs meinommen. De fûgel oerlibbe de klap net.