Nutte van Belzen: jonge dokter én ûndernimmer

02 aug 2020 - 14:15

De 27-jierrige Nutte van Belzen wurket yn it MCL op de ôfdieling neurology en dêrnjonken wurket er yn syn eigen bedriuw: CC Diagnostics. In bedriuw dat in nije test foar baarmoederhalskankerdiagnostyk ûntwikkelet. Mei dit bedriuw wûn hy yn 2019 de JOP: de Jonge Ondernemings Prijs.

Nutte van Belzen - Foto: eigen foto

Doe't er dwaande wie mei syn stúdzje genêskunde yn Grins, rjochte hy yn 2016 de start-up CC Diagnostics op. Yn dit bedriuw wurket er oan nije metoades om hiel betiid limoerhalskanker (baarmoederhalskanker) op te spoaren. "Baarmoederhalskanker is een ziekte waar een enorme kans ligt om er op tijd bij te zijn. Door regelmatig te screenen kun je baarmoederhalskanker voorkomen."

Hy rjochte CC Diagnostics op mei twa oare studinten fan de RUG. Underwilens is ôfskied nommen fan dy oare studinten en wurket Nutte van Belzen no mei Arnoud Huisman dy't in soad ûnderfining hat binnen de Life Sciences-yndustry.

De test

Yn Buro de Vries fertelt Van Belzen oer de test dêr't syn bedriuw de merk mei op wol: "De test kijkt naar het DNA van de baarmoederhalscellen. Terwijl de HPV-test is gericht op het HPV-virus: heb je dat wel of niet. En als je het virus niet hebt, hoef je onze test niet te doen want dan verwachten we dat je DNA ook niet veranderd is. Je DNA gaat namelijk veranderen door het virus. Dit HPV-virus kun je - net als het griepvirus - ook weer kwijtraken. Maar er zijn ook vrouwen waarbij het niet verdwijnt en op een gegeven moment zien we dan dat het DNA gaat veranderen en dát kunnen wij met onze test meten. Als onze test die DNA verandering gemeten heeft, is het tijd om naar de dokter te gaan. Met onze test kunnen we dus heel veel stress bij vrouwen voorkomen. En dat niet alleen: het scheelt ook heel veel zorgkosten."

Kombinaasje dokter - ûndernimmer

Yn it Ljouwerter sikehûs MCL wurket er as dokter-assistint neurology. Dat er op sa'n jonge leeftiid al ôfstudearre is, komt trochdat er in betide learling wie en op de basisskoalle in groep oerslein hat. Sadwaande begûn er op 17-jierrige leeftiid al mei de stúdzje genêskunde en wie er op syn 23ste ôfstudearre.

Van Belzen wit noch net krekt wannear, mar syn doel is wol om der noch in trijejierrige oplieding ta hûsdokter achter oan te dwaan. Op dit stuit fynt er dat er dêr noch te jong foar is. Ek as er ienris hûsdokter is, wol er it ûndernimmerskip derby dwaan. "Veel mensen zeggen dat ik moet kiezen. Dat vind ik onzin. Ik vind het fantastisch om het ondernemerschap te combineren met het dokter-zijn en ik geloof echt dat ik door arts te zijn een beter ondernemer word en andersom ook."

Simmergast Buro de Vries: Nutte van Belzen

(advertinsje)
(advertinsje)