Cambuur wer ûnder fergrutglês: "Kregen complimenten van de autoriteiten"

02 aug 2020 - 07:53

Foar it earst sieten der mear as tûzen fans by de oefenwedstriid fan SC Cambuur tsjin PEC Zwolle. Fan 1 augustus ôf binne de regels ferromme, wêrtroch't mear minsken komme mochten, wol mei oardel meter ôfstân fansels. Neffens algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur is dat goed gien: "Ik had geen extra spanning, maar ben wel blij dat het zo verlopen is."

Yn july wie Cambuur tsjin ONS Snits de earste betelle fuotbalklup dy't wer in wedstriid spile. Doe brocht it al in soad wurk mei him mei, mar dat wie no noch folle ekstremer. "Er zijn flinke draaiboeken voor zo'n oefenwedstrijd, die hebben we normaal niet. De organisatie is de hele week druk geweest", seit De Graaf, dy't seach dat syn klup ek sneon wer ûnder in fergrutglês lei. "Ja, dat merk je wel. We hebben wel verantwoording af te leggen. De gemeente kijkt mee, de politie kijkt mee, de GGD kijkt mee. Dus je moet niet zomaar wat doen. We kregen van de autoriteiten de complimenten", konkludearret de direkteur tefreden.

In fuotbalwedstriid sjen yn de oardel meter-tiid. - Foto: Orange Pictures

Foar it earst dit seizoen wiene alle fjouwer de tribunes wer iepen foar publyk. Der mochten maksimaal 2.000 minsken nei binnen, mar dy sieten der net. Neffens De Graaf wiene der goed tûzen minsken binnen. "Dat was prima, dan kun je kijken hoe de looplijnen zijn. Hoe mensen binnenkomen, vertrekken en naar het toilet gaan."

Oer twa wiken oefenet Cambuur wer thús, dan hopet De Graaf op mear taskôgers. "Ik hoop dat we de volgende keer wel weer kunnen opschalen. Wat mij betreft is het een geslaagde middag geweest, dus ik ben best tevreden."

Net elk nei binnen

Foar de start fan de kompetysje, op freed 28 augustus thús tsjin NEC, hopet Cambuur dat in tredde fan it stadion folle wurde kin. Dat soe betsjutte dat der tusken de 3.000 en 3.500 minsken sitte kinne. Om't der no al mear as 5.000 seizoenkaarten ferkocht binne, betsjut it wol dat net eltsenien nei binnen kin.

De klup hopet dat famylje, freonen en bekenden mei-inoar nei binnen kinne en dat se net bygelyks op alfabet kieze. Dat sil de kommende wiken dúdlik wurde. Lykas oft it slagget mei dy 3.000 oant 3.500 minsken. "Dan moet het de komende tijd wel goed verlopen", warskôget De Graaf.

(advertinsje)
(advertinsje)