Automobilist rekket by Warten fan de dyk en bedarret yn de sleat

02 aug 2020 - 07:18

By Warten is sneontejûn in automobilist ferwûne rekke nei't dy mei de auto fan de dyk oan de Midsbuorren rekke en yn in sleat bedarre.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder koe sels út de auto komme. Ambulânsepersoniel hat de persoan neisjoen en oerbrocht nei it sikehûs. It is net bekend wat de ferwûningen binne.

De wein wurdt letter burgen. De plysje spande in lint om de wein om oan te jaan dat it ynsidint ôfhannele is.

Trefwurden: 
plysje ûngelok Warten
(advertinsje)
(advertinsje)