Dichters wurkje wike lang yn twatallen oan 'trochjougedicht'

Dichterskollektyf RIXT sit in wike lang yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde by De Feanhoop om te wurkjen oan in trochjougedicht. Dichter fan de moanne Cornelis van der Wal hat de earste strofe skreaun en oare dichters jouwe dêr yn sân twatallen in ferfolch oan. Oan de ein fan de wike is der in gedicht fan acht strofen.
Cornelis van der Wal © Geart Tigchelaar
"De earste rigel fan it gedicht ha we út it oeuvre fan Rink van der Velde helle", fertelt Van der Wal. "Dy rigel is 'De mar nimt de bui net', út de roman De nacht fan Belse Madam. Dêr ha ik trije rigels byskreaun."
En no is it oan de twatallen om it gedicht ôf te meitsjen. Dat is net in gewoane wize fan wurkjen, wit Van der Wal. "It liket my ek dreech. Hoe't dat wurket, dat is in kwestje fan gemy. It moat gjin polityk gedicht wurde, ik bin benijd wat derfan komt."
Cornelis van der Wal
Janneke Spoelstra en Rein de Lange wiene sneon de earste twa dy't yn de arke oan it gedicht wurken. "We ha der even rêstich foar sitten", seit Spoelstra. "Earst fregen we oan elkoar: hoe sjochsto de earste strofe, wêr moat it hinne? En it is dus pas de twadde strofe, we hoegden noch net mei in konklúzje te kommen. We ha it hiel iepen litten foar de folgjende."
De bui
De mar nimt de bui net
en do joust gjin antwurd.
Boppe ús beiden driuwe
wolken dy't gûle wolle.
Under ús de feanbrân,
dyn eagen doarmje ôf.
Ik freegje it reid om ried.
It rommelet yn 'e fierte.
De bui © Geart Tigchelaar
"It is wat in aventoer", seit Spoelstra. "Foar ús wie it ek in eksperimint, mar we fine dat we it knap dien ha. We hoopje ek dat de oaren der moai mei fierder kinne."
No moatte se it dus loslitte. "Dat is wol lestich ja", seit Rein de Lange. "Ik frege my al in bytsje ôf: wat soe ik no sels dwaan, hoe soe ik der rjochting oan jaan? Mar dat dogge we net. We moatte it iepen litte, want oars follest it al yn en dat moat net. Dat is wol in falkûle."
Janneke Spoelstra en Rein de Lange
Rein de Lange en Janneke Spoelstra © Geart Tigchelaar
Oare wike, op 8 augustus, moat it hiele gedicht ôf wêze. Dan wurdt yn Van der Velde syn eardere stamkafee, Marktzicht yn Drachten, it hiele gedicht foarlêzen.
De twatallen dy't yn de arke oan it gedicht wurkje: