Cambuur wint fan earedifyzjonist PEC Zwolle: "We binne aardich op wei"

Sportklup Cambuur hat de earste echte test yn tarieding op it nije seizoen wûn. De Ljouwerters fersloegen yn eigen hûs earedifyzjonist PEC Zwolle mei 2-0. Robert Mühren iepene de skoare healwei de earste helte en Giovanni Korte makke der op syn jierdei 2-0 fan.
Wiidweidige gearfetting fan de wedstriid:
Gearfetting CAMPEC
PEC Zwolle hie yn de earste pear minuten wol wat driging, mar gjin echte kânsen. Der wiene dêrnei wol wat lytse kânskes hinne en wer, mar nog gjin goals. Dat feroare nei goed tweintich minuten. In oanfal fan Cambuur like op neat út te rinnen, mar de bal foel foar de fuotten fan Robert Mühren. Mei in drûch skot makke de spits de 1-0.
Dêrnei wie Jamie Jacobs ek ticht by in goal, út in foarset fan Jarchinio Antonia, mar syn poging gong njonken.

Tsien nije spilers

Nei it skoft bleau by Cambuur allinnich doelman Pieter Bos stean. Henk de Jong stjoerde fierder tsien nije spilers it fjild yn. Ek dy holden de kontrôle. Ragnar Oratmangoen hie twa grutte kânsen op de 2-0. Earst lei doelman Mike Hauptmeijer yn it paad, dêrnei skeat Oratmangoen neist.
"We ha in brede seleksje", seit trainer Henk de Jong:
Henk de Jong
Giovanni Korte skoarde dêrnei wol, op syn jierdei. De ferdigening fan Zwolle ferwurke in foarset fan Issa Kallon net goed, wêrnei't Korte profitearje koe.
Pas tsien minuten foar tiid waard Zwolle in pear kear gefaarlik. Twa kear hold Bos in ynset fan Mike van Duinen tsjin, en dêrnei ek ien fan Destan Bajselmani. Cambuur wie noch faker gefaarlik: Kellian van der Kaap kaam yn skoaringsposysje, mar makke it Hauptmeijer net dreech genôch mei syn kopbal. Oratmangoen rekke ek noch de peal.
Der moat striid komme om de basisplakken.
Henk de Jong
2-0 winst dus, ta tefredenheid fan trainer Henk de Jong, dy't seit dat er goede dingen fan syn ploech sjoen hat. "We ha in hiele brede seleksje en we binne aardich op wei." Hy wol stadichoan spilers mear minuten jaan. "Mar dat is wol ferfelend, want dan moatst der ek jonges neist sette. Mar der moat striid komme om de basisplakken, dat komt der no ek."
De Jong neamt Ragnar Oratmangoen spesifyk. "As ik sjoch hoe't hy no spilet, dêr genietsje ik fan. Foarich jier, doe't er hjir kaam, tocht er dat er hurd trainde, mar dat die er eins net. No hat er in hiele slach makke."

Heit en soan

Cambuur - PEC Zwolle wie ek in striid tusken heit en soan. Heit Gerald van den Belt is finansjeel direkteur by Cambuur, Thomas van den Belt is spiler fan PEC Zwolle. "Deze ga ik nog wel even horen, denk ik", seit soan Thomas. "Ik heb vanavond inderdaad meer praat dan hij", seit Gerald.
Heit Gerald en soan Thomas van den Belt:
Gerald en Thomas van den Belt
"Ik vind hem mooi om hem hier te zien spelen", seit Gerald. "Maar ik vond het ook een belangrijke wedstrijd. Als we wel gepromoveerd waren, dan zouden we dit soort wedstrijden ook moeten winnen. Dus het was een belangrijke testcase en daar zijn we wel voor geslaagd."
De moarn foar de wedstriid hiene se it der net mear oer hân, mar dêrfoar wol. Thomas: "Ik was iets later uit bed dan m'n vader. De afgelopen dagen wel wat gehoord. Het is leuke spanning, elkaar een beetje gek maken."

Freed wer

Takom freed spilet Cambuur opnij in oefenwedstriid. Dan giet de ploech fan Henk de Jong op besite by FC Emmen.

Xavier Mous: noch in soad kontakt

Ald-Cambuurkeeper Xavier Mous, no ûnder kontrakt by PEC Zwolle, wie ek yn Ljouwert. Hy spile net: "Dat hoort een beetje bij de voorbereiding. We zijn met drie keepers en we krijgen allemaal om en om 90 minuten."
It giet goed mei Mous by Zwolle. "PEC is ook een hartstikke mooie club. Ik ben vorig seizoen op een gegeven moment wel op de bank beland, maar ik heb er vertrouwen in dat ik weer de kans ga krijgen."
Mous spile mar in jier by Cambuur, mar wie ien fan de favoriten fan it publyk. Hy hâldt waarme gefoelens oer oan syn tiid yn Ljouwert. "Je merkt het direct als je hier terugkomt, en eigenlijk daarvoor ook al, met allemaal appjes die je krijgt. Pieter Bos spreek ik nog heel veel, we hadden ook naast het veld een goede band. David Sambissa, Robin Maulun, Issa Kallon... eigenlijk alle jongens die er toen ook zaten."
Xavier Mous
SC Cambuur - PEC Zwolle 2-0 (1-0) 22. Robert Mühren 1-0, 57. Giovanni Korte 2-0
Opstelling SC Cambuur earste helte: Pieter Bos; Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten, Alex Bangura; Jamie Jacobs, Stanley Akoy, Robin Maulun; Jarchinio Antonia, Robert Mühren, Mitchel Paulissen
Opstelling SC Cambuur twadde helte: Pieter Bos, Jasper ter Heide, Sven Nieuwpoort, Kellian van der Kaap, David Sambissa; Michael Breij, Mees Hoedemakers, Ragnar Oratmangoen; Giovanni Korte, Delano Ladan, Issa Kallon.