Sander Arends pakt wer dûbeldtitel op NK tennis

01 aug 2020 - 17:10

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat yn Amstelveen foar de tredde kear op rige de nasjonale titel pakt yn it dûbeldspul. Mei syn maat David Pel wie er yn de finale mei 2-6, 6-3 en 10-8 te sterk foar Tallon Griekspoor en Botic van de Zandschulp.

Sander Arends en David Pel - Foto: Frans Arends

Griekspoor en Van de Zandschulp servearren yn de earste set sterker en krigen gjinien breakpoint tsjin. Arends en Pel, dy't as earste pleatst wiene, waarden wol twa kear brutsen. De earste set gong dan ek mei 6-2 nei Griekspoor en Van de Zandschulp.

Yn de twadde set gong it nivo by Arends en Pel omheech, sy krigen no gjin breakpoint tsjin. De iennige kâns dy't se krigen op de opslach fan de tsjinstanners, wie genôch foar setwinst. De supertiebreak wie dêrnei ek in proai foar Arends en Pel. Se ferlearen mar twa punten op eigen service.

Freed wûnen Arends en Pel yn de heale finale fan Robin Haase en Alec Deckers, de soan fan Richard Krajicek: 6-3, 6-7 en 10-7.

(advertinsje)
(advertinsje)