SC Hearrenfean begjint oefenkampanje mei ferlies by NAC Breda

01 aug 2020 - 16:57

Sportklup Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen ferlern. NAC Breda wie mei 1-0 te sterk. Finn Stokkers makke in minút foar tiid de iennige goal fan de wedstriid.

Rein Smit - Foto: www.orange-pictures.nl

Nije oanwinsten Erwin Mulder en Sieben Dewaele wiene der noch net by oan de kant fan SC Hearrenfean. Hicham Faik (persoanlike omstannichheden), Jan Ras en Runar Espejord (blessueres) ek net.

De 16-jierrige Ljouwerter Timo Zaal die wol mei:

Yn de earste helte gong it aardich lykop. De ploech fan Johnny Jansen hie mear balbesit, mar NAC hie krekt wat bettere kânsen. Robin Schouten en Sydney van Hooijdonk skeaten beiden yn it sydnet. Van Hooijdonk skoarde flak foar it skoft wol, mar doe stie er bûtenspul. Foar Hearrenfean besocht Ibrahim Dresevic it mei in frije traap, mar dy einige yn 'e muorre.

Alve oare spilers

Tweintich minuten nei it skoft stjoerde Johnny Jansen alve oare spilers it fjild yn. In protte kânsen wiene der net mear, oant in minút foar tiid. Thom Haye stjoerde mei in pass Finn Stokkers de djipte yn. De spits lei de bal yn de fiere hoeke, efter Jan Bekkema.

Basisdebút Timo Zaal

De 16-jierrige Ljouwerter Timo Zaal makke syn basisdebút. "Het ging wel redelijk voor m'n gevoel", seit er. "Heel mooi dat de trainer mij de kans geeft, het is nu aan mij om de kans te pakken." Ek Ajax hie ynteresse yn de Ljouwerter, dy't derfoar keas om by Hearrenfean te bliuwen. "Dat was een moeilijke keuze, want Ajax is een grote club. Maar ik wil hier snel in het eerste komen en m'n kans pakken."

"Timo is heel talentvol", seit Hearrenfean-trainer Johnny Jansen. "Hij heeft het keurig gedaan." Maar Jansen tinkt net dat Zaal dalik, as de kompetysje begjint, al yn de basis stiet. "Op dit moment niet. Maar hij is hartstikke goed bezig. Hij moet goed blijven spelen, goed blijven trainen en leren van dit soort momenten."

De reaksje fan trainer Johnny Jansen:

Oer de wedstriid koe Jansen koart wêze: "Het is nog heel onwennig. Dit is de eerste echte wedstrijd die we weer spelen. Er zijn wat spelers die de stap nog moeten maken. Hopelijk doen we dat de komende weken."

Tiisdei en freed ek

Kommende wike spilet Hearrenfean noch twa oefenwedstriden. Tiisdei tsjin Team VVCS (spilers sûnder klup), dy wedstriid is net tagonklik foar publyk. Freed komt Vitesse op besite.

NAC Breda - SC Hearrenfean 1-0 (0-0) 89. Finn Stokkers 1-0

Opstelling SC Hearrenfean earste helte: Jaimy Kroesen; Sherel Floranus, Ibrahim Dresevic, Timo Zaal, Lucas Woudenberg; Rami Hajal, Hamdi Akujobi, Joey Veerman; Mitchell van Bergen, Chidera Ejuke, Arjen van der Heide

Opstelling SC Hearrenfean nei 65 minuten: Jan Bekkema; Stefan Westra, Chris van der Zee, Djenahro Nunumete Guus Offerhaus; Rodney Kongolo, Emil Frederiksen, Orri Kjartansson; Couhaib Driouech, Yoram Boerhout, Rein Smit.

(advertinsje)
(advertinsje)