Fuotbalwedstriid Kollum stillein omdat spiler coronafirus hat

01 aug 2020 - 16:15

De oefenwedstriid SC Genemuiden - VV Kollum is sneontemiddei nei 35 minuten stillein, omdat in spiler fan de Kollumers besmet is mei it coronafirus. Dy spiler wie net oanwêzich by de wedstriid.

Foto: www.orange-pictures.nl

Kollum en Genemuiden soene twa kear 35 minuten tsjinelkoar spylje, mar healwei kaam der in telefoantsje dat in spiler, dy't dus thús bleaun wie, posityf test hie op it firus. "Hy hie tongersdei klachten", fertelt foarsitter Bauke Schat fan VV Kollum, dy't ek nochris de heit fan de besmette spiler is. "Earst tocht er: it sil wol wat losrinne, mar hy hat freed dochs nei de GGD west foar in test."

Je ferjitte even dat je foarsitter binne, mar je moatte ek tinke oan de sûnens fan oare minsken.

Bauke Schat

De testútslach waard sneon ûnder de wedstriid bekend. "Je ferjitte even dat je foarsitter binne, mar dochs moatte je dêr wol oan tinke. Der is fan 'e wike noch traind, dus dan moatte je ek tinke oan de sûnens fan oare minsken."

GGD komt mei ynstruksjes

No is it de fraach oft oare spilers fan Kollum, dy't tongersdei mei de besmette spiler traind ha, it firus ek ha. "We ha alle nammen trochjûn oan de GGD, se wurde allegear benadere mei ynstruksjes. Dat is hoe't we hjirmei omgean moatte."

De stân wie 6-0 doe't de wedstriid stillein waard. "De jonges binne direkt yn de auto stapt, ek net mear ûnder de dûs stien of de kantine yn west." De spilers fan Genemuiden ha letter noch in ûnderlinge wedstriid spile, mei allinnich eigen spilers.

Foarsitter sels ek yn karantêne

Schat moat no sels ek yn karantêne, want syn soan wennet noch thús. "Mar we kinne online in hiele protte, dêr meitsje ik my it minste soargen oer. Myn soan hat ek noch net in soad klachten, dus we hoopje dat it allegear tafalt."

VV Kollum organisearret alle jierren ek it Lauwersmeertoernoai. Dat is dit jier op 15 augustus. "Der moatte we noch even oer neitinke en we moatte mei de GGD oerlizze oer wat wiisheid is", seit Schat.

Bauke Schat

(advertinsje)
(advertinsje)