De Knipe makket eigen strân: "De bern boartsje folop, geweldich"

01 aug 2020 - 16:08

De Knipe oan See: it doarp ûnder de reek fan It Hearrenfean is kreatyf. Se ha de iisbaan ûnder wetter set en mei in frachtwein fol sân ek soarge foar in eigen strân. "It is geweldich", seit Jolanda Visser. "In grut sukses."

Bylden fan it nije wetter:

"De iismaster sei: de iisbaan hjir moat mar wer ris ûnder wetter", fertelt Visser. It idee kaam oan it rôljen troch in subsydzje fan Sport Fryslân oan doarpsferieningen, dy't mei it jild aktiviteiten foar jeugd ûnder de 18 jier organisearje kin. "En tweintich jier lyn stie de iisbaan ek alris ûnder wetter, dat wie doe ek hiel moai."

Djip is it wetter net: "It komt by my ta oan de knibbels", seit Visser. "Dus swimme sit der net yn, mar it is hartstikke feilich foar de bern. It is in grut pjuttebad. Freed hiene we it bad foar it earst iepen en der wiene direkt in protte minsken. De bern boartsje folop. It giet geweldich."

Folop simmer by de iepening fan it strân - Foto: Facebookside De Knipe

De kommende wiken binne der ek tal fan aktiviteiten. Visser: "We ha lytse wedstriidsjes. De bern stride mei it suppen, oare wike mei it kanofarren en de lêste sneon ha we in grut wetterspektakel."

Alle simmers

In grut sukses dus, mar de iisbaan konstant ûnder wetter stean litte, dat sit der earst net yn. "Der steane gewoanwei ek hynders, dy moatte ek in plak ha. Mar de minsken wolle dit alle simmers wol seis wiken lang. De Knipe oan See!"

(advertinsje)
(advertinsje)