Pieter Weening Classic giet dit jier wol gewoan troch

01 aug 2020 - 14:43

De Pieter Weening Classic yn Surhústerfean en omkriten giet dit jier dochs troch. De toertocht mei stie fanwege it coronafirus op losse skroeven, mar neffens de organisaasje kin it op 5 septimber plakfine, mei de nedige maatregels.

De Pieter Weening Classic yn 2019 - Foto: Atze van der Ploeg

Gewoanwei wurdt it evenemint, dat neamd is nei de ferneamde fytser fan De Harkema, ferriden yn it wykein foar de Profronde Surhústerfean. De Profronde giet dit jier net troch. Dêr komme gewoanwei tsientûzenen minsken op ôf en dat kin no net.

Fanwege it coronafirus feroarje der wol wat saken. De start en finish is by it reedrydterrein oan de Fjouwerhústerwei. Minsken starte yn ferskate tiidsblokken. Ek is it dit jier ferplicht om je yn it foar yn te skriuwen.

(advertinsje)
(advertinsje)