Stânbylden yn bosken by Aldeberkeap; ek plak foar 'stoute' bylden

01 aug 2020 - 14:17

Yn Aldeberkeap is sneon de Parkbossen Kunstroute iepene. Dy wurdt no foar it twadde jier hâlden, mar ditkear waard dizze iepening fiif dagen lyn oankundige mei in bysûnder plan. De organisatoaren wolle romte biede oan saneamde 'stoute bylden'. Dat binne stânbylden fan minsken dy't yn it ferline neffens de hjoeddeistige noarmen saken dien ha dy't eins net kinne.

Yn Aldeberkeap binne noch net fan sokke bylden binnenbrocht. By de iepening wienen twa libjende stânbylden dy't Pieter Stuyvesant en Columbus foarstelle moasten. "Dy hawwe goede dingen, mar ek stoute dingen dien", fertelt Peter Hiemstra fan de organisaasje.

Hy hat oanjûn dat as sokke bylden beskikber komme, dat hy se dan wol ha wol. "Ik wol de diskusje net út de wei gean. Je kinne bylden fan de sokke helje en fuortmoffelje, mar ik tink datst better it ferhaal fertelle kinst, mei in edukatyf program."

20 bylden

Yn de keunstrûte binne 20 bylden opnommen: sân dêrfan binne nij. "En we ha 4 tydlike bylden dy't oars by Open Stal te sjen wêze soenen, mar dat giet net troch. Der is in nij byld fan Gerrit Terpstra en der binne twa ferweesde bylden dy't net mear pasten op har âlde plak. "It byld Elandlinde stie yn Grins, mar paste net mear yn de nije plannen. It past no prachtich yn ús Koepelbosk, op in plak dêr't earder in skedel fan in eland fûn is."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De organisaasje wol net elk byld hawwe. "We sjogge nei kwaliteit. In byld fan Michael Jackson hoege we net te hawwen."

7 kilometer

De rûte is 7 kilometer lang troch de bosken. "Minsken kinne in boekje by de VVV en restaurants helje, dat kostet neat. De rûte is hielendal coronaproof."

Peter Hiemstra

(advertinsje)
(advertinsje)