Into The Grave bringt mei onlinestreams festival by minsken thús

01 aug 2020 - 14:14

Troch corona geane tal fan festivals dit jier net troch. Dat jildt ek foar metalfestival Into The Grave dat 7, 8 en 9 augustus yn Ljouwert wêze soe. De organisaasje bringt no in online alternatyf.

Foto: Into the Grave 2020

"Het voelt heel stil en saai dat het niet doorgaat. Niet alleen dat ons bedrijf geen inkomsten heeft, maar de bands en de fans hebben ook geen festival", fertelt Paul van Berlo fan de organisaasje.

It bedriuw is yn de coronatiid begûn mei it wykliks streamen fan metal op loudnoise tv. "En dat gaan we tijdens het festival ook doen. Er komen 7 bands in Neushoorn en die optredens streamen we. Er kan maximaal 50 man publiek bij." Belangstellenden kinne foar in show of in dei in kaart keapje.

"Na afloop brengen we uit het café in Neushoorn een show waarin we praten met de bands en clips laten zien. Met een biertje erbij heb je dan toch een festivalgevoel."

Folgje de stream op www.intothegrave.nl of www.loudnoise.tv.

(advertinsje)
(advertinsje)