Stel sjocht inoar nei fiif moannen wer: "Ik kin it net beskriuwe"

01 aug 2020 - 20:03

Mear as fiif moannen wiene se út elkoar: de 77-jierrige Egbert fan Harns en de 70-jierrige Susan út Amearika wiene troch it coronafirus fan elkoar skieden, mar dizze sneon koe Egbert syn oansteande lang om let wer ophelje op Schiphol. Sûnt moandei meie leafsten út oare lannen wer nei Nederlân reizgje en dêr makken de twa fuort gebrûk fan.

Neffens Egbert wie er net fan doel om fereale te reitsjen, mar it wie 'liefde op het eerste gezicht'.

Yn de moannen dat se inoar net seagen hienen se kontakt fia fideobelje en appe. "Kinst mekoar wol sjen mar der sit 6.000 myl tusken."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

As Susan op Schiphol oankommen is, krûpt se flink mei Egbert. Se hâldt it ek net drûch. Se wie bang dat se it lân net yn mocht. Ek foar Egbert wie it emosjoneel. "Ik kin it gefoel net beskriuwe."

Se binne fan doel om te trouwen en sille sjen wêr't dat it bêste kin, yn Nederlân of Amearika. "Alles om mar net wer út elkoar te hoegen."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Egbert en Susan

Trefwurden: 
Harns Schiphol coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)