Skylger tsiis is populêr, ek by Dútsers

De groei fan de nije Skylger tsiisfabryk De Terschellinger set troch nei in 'coronadipke' fan 't maitiid. Hieltyd mear grutte winkelbedriuwen ferkeapje de eilanner tsizen. En dat moat ek; it stribjen is om alle seis-en-heal miljoen liter molke op Skylge ta tsiis te ferwurkjen. Sy sitte sûnt dizze wike op trije miljoen liter.
Hieltiten mear grutwinkelbedriuwen ferkeapje Skylger tsjiis
Dat binne de oardel miljoen liter fan de biologyske boeren dy't earder ek al ta tsiis ferwurke waard plus nochris oardel miljoen liter fan de 'gewoane' boeren op it eilân.
It is wichtich foar de takomst fan it fabryk dat seis miljoen liter nedich hat, de boeren en de greidefûgels. Yn fiif jier tiid hat eltse boer seker 20 prosint fan syn lân ynrjochte foar greidefûgels as ûnderdiel fan dit projekt dêr't Vogelbescherming Nederland ek in wichtige rol yn spile.
Tsiisfabryk De Terschellinger © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Landelijk zijn we bij de Coop terecht gekomen of komen nog. En ook bij de Spar en de Hema. Dat zijn zomaar drie merken waar we landelijk met één of meer leeftijden vast in het assortiment terecht zijn gekomen. Dat zijn wel namen", seit Wim Meure-Buren fan it fabryk dêr't hy mei ferantwurdlik foar is.

Dútske retailer

Twa wiken lyn is dêr noch in grutte Dútske retailer by kaam. "Ook erg leuk", seit Meure-Buren want "veel Duitsers komen hier ook op vakantie en die ziet het ook zitten om de eilandkaas te verspreiden."
It wurdt ek hieltyd drokker yn it winkeltsje by it fabryk. De groei kin ek hiel hurd gean omdat de merk sa grut is. Dêrby spilet it 'merk' Skylge in wichtige rol: "Ja, Terschelling is gewoon een merk. Niet alleen in kaas. Heel veel mensen hebben een goede herinnering aan vakantie vieren op Terschelling en als de kaas dan wordt gegeten, heeft dat een bijzonder smaakje", sa makket Meure-Buren dúdlik.
Skylger kij yn de polder © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fan fier ôf falt de stâl fan boer Gerard Cupido op omdat dy fol leit mei sinnepanielen. Boppe op it dak rint in man dy't sy skjinmakket en binnen yn de stâl is in ferbouwing geande. Dizze feehâlder op Lies tinkt net allinnich nei oer de takomst, mar besiket dêr sels ek stjoer oan te jaan.
De helte fan syn molke wurdt op dit stuit brûkt om op it eilân tsiis te meitsjen. Syn kij rinne om yn de polder en dat moat ek sa bliuwe. Alteast dat is syn ynset. De 2,5 sint dy't hy no boppe-op de gewoane molkpriis krijt, helpt dêrby.

"Goede boterham"

Cupido: "We hebben ons bedrijf verduurzaamd en geïnvesteerd in de toekomst, in land. Het is de bedoeling dat dat ook allemaal terug wordt verdiend en dat er na mij weer iemand komt die het bedrijf overneemt. Maar dan moet er wel een goede boterham worden verdiend. Ander is het niet aantrekkelijk om het bedrijf over te nemen. We willen ook verder verduurzamen en we willen van alles in Nederland. En wij niet alleen, maar ook de overheid. Maar dan moet er wel goed verdiend worden. Anders is er geen ruimte om te investeren. Dan is die ruimte er niet."
De pleats fan Gerard Cupido © Omrop Fryslân, Remco de Vries
As fakman is it fansels ek wol bysûnder foar Cupido as je molke ferwurke wurdt ta in populêre tsiis: "Het geeft wel voldoening dat je product goed loopt en dat mensen daar enthousiast over zijn. Die geluiden hoor je nu al. Smaken verschillen natuurlijk, maar als mensen fan zijn Terschelling of een ander Waddeneiland en het product wordt daar ook gemaakt, de koeien lopen daar en ze kunnen heel dichtbij komen dan vinden ze dat wel mooi. En ja, het geeft mij als ondernemer wel voldoening dat het niet meer in de grote bult gaat. Die mogelijkheid was er eerst niet, maar nu wel gelukkig."