Twa auto's botse op A7 by Aldehaske; part fan dyk ticht
Op de A7 by Aldehaske is sneontemoarn in rydstrook ôfsletten nei't twa auto's botsten. Ambulânsepersoniel hat de ynsitters kontrolearre. It is net bekend oft minsken ferwûne binne.
In berger is oproppen om de weinen fuort te heljen. De auto's kamen troch noch ûnbekende oarsaak mei elkoar yn botsing.