Omrop TIP: FRL DOK 50 jier Lauwersmar

01 aug 2020 - 11:31

In nij lân waard yn 1969 berne oan de kop fan Fryslân. Sâlt en swiet waard hjirfoar skieden en Lauwerssee waard Lauwersmar. Yn de Fryslân DOK dokumintêre '50 jier Lauwersmar' wurdt yn twa dielen sjoen nei hoe't it gebiet yn in heale iuw in liedend nasjonaal park wurde koe, dêr't natuer, rekreaasje, lânbou en fiskerij neistinoar florearret.

Foto: Omrop Fryslân

Seespegelstiging

Dochs binne der grinzen oan de groei. Troch seespegelstiging nimt it sâlt wurden ta en dat bedriget de lânbou. De haven fan Lauwerseach is fol, mar is omjûn troch it nasjonaal park. Kin de rekreaasje ûnbedimme groeie sûnder dat de rêst yn it gebiet fersteurd wurdt. En wat binne de konsekwinsjes fan de ôfsluting foar de Waadsee?

Fearboat op de Lauwersmar - Foto: Omrop Fryslân

Foarútgong en bedriging

Lauwerseach moat in regionaal knooppunt wurde op it gebiet fan wetterstof en duorsum toerisme. Skipbouwer Albert Keizer wol de Ecolution, it syljacht fan de ferstoarne Wubbo Ockels, op wetterstof farre litte. Hielendal yn de geast fan de ferneamde duorsumheidsgoeroe. En der binne mear: ek de Zoutkamp 18 en fearboat nei Skier sjogge wetterstoftechnology wol sitten.

Dochs is der ek in bedriging: troch it ôfsluten fan de Lauwerssee slykje de soalen nei Lauwerseach en Skier ticht. Ferfierder Wagenborg hat noed dat har fearboat aanst allinnich noch mar mei heech wetter farre kin. Wat hâldt dat yn foar de ekonomy en de manier fan libjen op it eilân? Is it tiid om karren te meitsjen op polityk nivo? Dat en mear komt oan bar yn de twadde ôflevering.

De Fryslân DOK dokumintêre '50 jier Lauwersmar' is in programma yn twa dielen. It earste diel wie 26 july te sjen, it twadde diel is op 2 augustus te sjen. Fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

It binne werhellingen (earder te sjen op 26 maaie en 2 juny 2019).

Trefwurden: 
Fryslân DOK Lauwersmar
(advertinsje)
(advertinsje)