Keunstner Christiaan Kuitwaard freget mei boek omtinken foar bioferskaat

01 aug 2020 - 11:26

"Het landschap is mijn muze. Als dat verkommert, moet ik gewoon iets doen", dat seit keunstner Christiaan Kuitwaard fan Aldeberkeap. Syn argewaasje oer dit tema hat mei oanlieding west foar it boek Veldwerk dat koartlyn ferskynde en nominearre is foar de Jan Wolkers-priis. René Koster helle mei de keunstner in 'frisse noas'.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster helle in frisse noas mei Christiaan Kuitwaard

Mei dichter Jan Kleefstra makke er it boek Veldwerk. "Ik wilde wat doen aan de teloorgang van de biodiversiteit. We hebben anderhalf jaar lang elke week een natuurgebied bezocht. Daar zaten we dan een uur. Ik maakte een aquarel, dat is een verwerking van wat ik heb gezien, 50 procent van het landschap en 50 procent van mezelf. Jan noteerde in dat uur wat hij hoorde aan vogelgeluiden."

Hy makke dêr natuerlyryk fan. "In het boek zijn heeft hij dat er met de hand onder de aquarel geschreven. Dus je ziet en leest het landschap op een bepaalde tijd. Het is een eerlijke beleving die letterlijk op die plek is ontstaan."

Yn it boek stean ek 16 essees. "We hebben mensen gevraagd om over dit probleem te schrijven om zo de aandacht te vragen van de mensen en ze te betrekken bij dit probleem."

Foto: Omrop Fryslân

It Prins Bernhard Cultuurfonds hat 10.000 euro beskikber steld oan de makkers fan it boek foar de organisaasje fan sympoasia oer biodiversiteitsferlies.

(advertinsje)
(advertinsje)