KNRM warskôget strângongers foar streamingsgefaar yn de see

01 aug 2020 - 09:34

It wie de ôfrûne dagen drok op de strannen en yn it wetter en takom wike wurdt der wer simmersk waar ferwachte. De Nederlânske rêdingsbrigade warskôget strângongers foar muien en streamingsgefaar. De situaasje is gefaarlik troch de sterke streaming.

Rêding op it strân fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Het is dit jaar net zo druk als anders. Ameland, en de stranden, zit vol met toeristen en dagjesmensen", fertelt Cor de Jong, sekretaris fan de KNRM op It Amelân.

Minsken fan de rêdingsmaatskippij hâlde ek dit jier wer tafersjoch op ôfsette plakken op it strân, fanwegen it gefaar fan de sânbanken. "Voor de kust liggen zandbanken. Tussen die zandbanken zitten openingen van zo'n 15 tot 30 meter. Het water, dat naar het strand toestroomt, gaat ook weer terug en dan gaat het door zo'n mui richting de ze. Juist in zo'n mui staat heel veel stroming. De dieptes kunnen ook variëren. Als je in een mui terecht komt, is het onmogelijk om terug te zwemmen. Je wordt gewoon weggezogen."

Rêdingsposten

De KNRM hat dit jier al faak minsken út see helle dy't yn de problemen rekke wienen. "We staan er met twee posten op het strand, die houden constant de boel in de gaten. En nog een post die wat hoger staat en alles kan overzien. Dus als er iets is, grijpen ze direct in."

Net op eigen houtsje

De Jong seit mei klam dat minsken har oan de regels hâlde moatte dy't oanjûn binne op it stik strân dat ôfset is om feilich te swimmen. "Ga niet op eigen initiatief iets doen. Kom je in zo'n mui, ga dan met de stroming mee en probeer elders aan land te komen. Zwem er beslist niet tegen in, zelfs een geoefende zwemmer lukt dat niet. Die stroming kan wel oplopen tot acht kilometer per uur. "

Cor de Jong fan de KNRM

Gefaarlike streaming

By eastewyn is ôfkuolje yn see net (goed) mooglik. Op in luchtbêd omdobberje is ekstra gefaarlik fanwegen de kâns op ôfdriuwen. By westewyn is in sterke ûnderstream nei iepen see. In swimmer kin yn in weach omtreaun wurde en troch de ûnderstream in stik fan de kust reitsje.

Wat is in mui?

Muien binne ûnderbrekkingen yn sânbanken, by leechwetter te werkennen oan geulen of streamgatten. Se sitte ek yn de banken dy't by leechwetter net sichtber binne. Yn muien is de streaming sterk en dy lûkt altyd rjochting iepen see. Swim net tsjin de stream yn, mar gean mei de streaming mei en swim skean fuort nei in sânbank.

Trefwurden: 
simmer drokte strân KNRM
(advertinsje)
(advertinsje)