Weromrop: Simmer 2000 op lokaasje yn Opsterlân

01 aug 2020 - 09:00

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de Fryske doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge we alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne.

Mei it programma 'Simmer 2000 op lokaasje' binne we yn Opsterlân en prate oer emigraasje hjoed-de-dei en yn it ferline en oer it iepenloftspul 'Thúsreis'. Muzyk is der fan de Feetwarmers.

Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)