Plysje fynt yn Snits lichem fan fermiste frou
Yn Snits hat de plysje freedtejûn let it lichem fan in frou fûn yn it wetter by de Christiaan Schotanusstraat. De 79-jierrige frou wie earder op de jûn as fermist opjûn.
Om 23.00 oere is in melding fia Burgernet ferspraat. In healoere letter waard it slachtoffer fûn.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de frou net troch in misdriuw om it libben kommen is.