Kollum: "Thúswurkje"

01 aug 2020 - 08:23

"Thúswurkje kostet de wurknimmer al gau twa euro deis, stie dizze wike yn De Volkskrant. Gean mar nei, jo moatte sels in bakje kofje sette, as jo nei it toilet geane leveret de baas it papier net, soks soe al gau tweintich fellen ekstra oan Page Plus kostje. Plus dat de boel ek noch fuortspield wurde moat.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Jo ha in bytsje stroom nedich foar de laptop, miskien moat der in lampke boppe de tafel baarne. Soks soe op jierbasis oprinne kinne ta wol 400 euro. Ien en oar is ûndersocht troch budzjetfoarljochter Nibud.

En daliks kaam fansels de wrede fraach der achteroan wa't foar dy kosten opdraaie moat, want jo ha der sels net foar keazen om thús te wurkjen. De baas soe foar de kosten opdraaie moatte, dy baaskes binne ommers ek al oan it wrotten om de reiskostefergoeding ôf te skaffen as jo thús wurkje.

Ik fûn it in kolderyk stikje, want it as we de saak no ris omdraaie. Litte we foarop stelle dat thús fergaderje in drama is, want jo misse alle non-ferbale kommunikaasje. No is dat by it oanhearren en lêzen fan guon opportunisten in seine, dy soenen eins altyd ferplicht in lûdsticht mûlkapke drage moatte, mar normaal sprutsen is it neat wurdich.

Goed, no de oare kant. As jo thúswurkje kinne, kostet dat net allinnich dy twa euro deis, mar it leveret de mienskip frachten mei jild op. Jo meitsje gjin gebrûk fan in auto, steane dus net yn de file. Filefoarming kostet hûnderten miljoenen op jierbasis. As it minder drok op de dyk is, hoecht de oerheid minder asfalt oan te lizzen, dat is in megabesparring.

As jo thúswurkje, hoege al dy baaskes net foar miljoenen ergonomyske kantoaren mei alle foarsjennings te bouwen en te ûnderhâlden. Rekkenje mar ris út hoefolle dat op jierbasis besparret. Ek oan enerzjy om al dy grutte blokkedoazen te ferwaarmjen en te kuoljen.

As jo thúswurkje, brûke jo de auto, bus, trein of it fleantúch net. Ik tink net dat ik útlizze moat hoefolle dat besparret op it fersmoargjen fan de loft? Of binne we dy kaartsjes fan dizze maitiid al wer ferjitten, doe't it fleanferkear stil lei en de loft boppe Schiphol yn jierren sa skjin net west hie?

Ja, dat moatte we ferjitte, want fleane sille we. 'We mogen weer naar Spanje,' klinkt de reklame fan de fleanyndustry. It koartetermyngeheugen is tige selektyf, want sels mei alle foardielen fan thúswurkje wurdt de klam lein op wat it wol net kostet, wylst it per saldo allinnich mar jild opsmyt en goed foar it miljeu is.

Foarbyld: As we troch it thúswurkjen no ris fan twa nei ien auto gean koenen? Dat leveret tich kear mear op as dy 400 euro dy't it Nibud berekkene hat oan deistige kosten.

It probleem sit der yn dat feroarings altyd op wjerstân rekkenje kinne. It gros fan de hjoeddeistige wurknimmers op kantoaren is wiis mei dy foarm fan wurkjen. Wat seure by de kofje-automaat, loere hoe't de froulju der dizze wike by rinne, wat rabje oer dy kreaze nije manager dy't der wol hiel strak útsjocht. Mei ôfgeunst sjen nei de nije leasebak fan de baas en jo foarnimme om sa hurd te wurkjen dat je josels ea ek sa'nien feroarloovje kinne.

It is gewoan in sosjaal barren. Dêr hechtsje minsken oan. Mar it is flau om te stellen dat it allinnich mar jild kostje soe om thús te wurkjen."

(advertinsje)
(advertinsje)