Pele van Anholt giet fuort by NAC Breda en wol no nei it bûtenlân

31 jul 2020 - 22:30

Boalserter Pele van Anholt giet nei twa jier fuort by NAC Breda. It kontrakt fan de 29-jierrige ferdigener rûn ôf en wurdt net ferlinge.

Pelé van Anholt - Foto: www.orange-pictures.nl

Van Anholt siet yn de jeugd fan SC Hearrenfean, dêr't er 149 offisjele wedstriden spile. Yn 2016 gong er nei Willem II en in jier letter nei Amearika. Dêr stie er ûnder kontrakt by LA Galaxy. By de ploech út Los Angeles kaam er fanwege blessueres net fierder as fiif wedstriden.

Twa jier lyn kaam Van Anholt te spyljen by NAC Breda. By de Brabanners spile er yn totaal 46 wedstriden. No wol Van Anholt op syk nei in klup yn it bûtenlân.

(advertinsje)
(advertinsje)