Tradisjonele merke Snitswike giet troch, eksploitanten "vol gas naar Sneek"

Gjin Snitswike dit jier, mar de tradisjonele merke op it Martiniplein dy't der by heart, giet wol troch. Fansels wol mei allegear maatregels, krekt as alle oare eveneminten. Foar de eksploitanten is it goed nijs, want in grut diel fan it merkeseizoen giet net troch.
Tradisjonele merke Snitswike giet troch, eksploitanten "vol gas naar Sneek"
Edwin Vader hat syn attraksjes meinaam fan Bergen op Zoom nei Snits en is der tige wiis mei dat er wer los kin. "Sneek is een prachtig stadje, we voelen ons hier altijd welkom en er is hier altijd een leuke opgewekte sfeer."
De merke is dit jier fansels wol oars as oars fanwege de coronamaatregels. "De kermis is veel ruimer opgesteld en er zijn minder attracties", leit Vader út. Fierders is der in sintrale yn- en útgong, binne der rinrûten en stean der oeral desynfeksjepunten. "Dat alles maakt het mogelijk dat de mensen veilig kermis kunnen vieren in Sneek en daar zijn we de gemeente heel erg dankbaar voor", seit Vader.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Merke-eksploitant Edwin Vader
Neffens Vader is it net sa dat de gemeente merke-eksploitanten teloarstelle moast fanwege de beheindere romte. In tal kollega's wie al útwykt nei it bûtenlân en oaren seagen it net sitten om foar in pear kear yn 't spier te kommen. "Ik had het geluk dat ik er drie, vier achter elkaar kon doen. Dus ik heb wel de stoute schoenen aangetrokken en de motoren gestart. Vol gas naar Sneek!"
De merke op it Martiniplein duorret oant en mei tongersdei 6 augustus.