Trije op in rige foar Ysbrand Galama: no ek de sterkste yn Bûtenpost

31 jul 2020 - 20:49

Ysbrand Galama hat freed it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. De 35-jierrige Warkumer sette in ôfstân fan 19,95 meter del. In stik minder fier as syn persoanlike rekôr fan earder dizze wike yn Winsum, mar wol genôch om de konkurrinsje foar te bliuwen. Freark Kramer waard twadde en Bauke de Jong tredde.

De wedstriid yn Bûtenpost:

Mei syn earste sprong helle Galama de 19 meter noch net, mar dêrnei sette er twa goede sprongen del: earst 19,95 en dêrnei ek noch 19,90. Freark Kramer kaam ta 19,12 meter en Bauke de Jong pakte mei 18,17 yn de finale it tredde plak.

It is foar Galama syn tredde oerwinning yn ien wike. Foar Bûtenpost en Winsum wie er ek al de sterkste yn It Heidenskip.

Van der Wal bliuwt winnen

By de froulju gong de winst foar de fyfde kear nei Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Se ljepte nei 15,82 meter. Dat wie in dikke meter fierder as Femke Rispens (14.73). It tredde plak wie foar Sigrid Bokma (14,09 meter).

Rutger Haanstra fan It Heidenskip sette by de junioaren de fierste ôfstân del. Hy kaam ta 17,37 meter. Grutste ferrassing wie Bouwe Westert fan Snits. Hy hie noch nea 16 meter ljept, mar kaam no ta in dik nij persoanlik rekôr fan 17,27 meter. Dêrmei waard hy twadde, foar Minne Smit (16,90).

Jouster Wytse Steensma (16,23 meter) wie it sterkst by de jonges. Germ Terpstra (15,73) waard twadde en Douwe Abma tredde (15,47).

Haanstra sterk by de famkes

Inger Haanstra (14,62, in persoanlik rekôr) ferstevige mei winst by de famkes har kopposysje yn it klassemint. Pytrix Westra (14,33) en Hanneke Westert (13,07) wienen de oare priiswinners.

Promoasje en degradaasje

Sneon ljeppe de twaddeklassers ek yn Bûtenpost. Dêrnei is dúdlik wa't der de rest fan it seizoen yn de topklasse ljeppe. De bêste acht senioaren pleatse har dêrfoar. By de manju giet Galama oan kop yn it klassemint, foar Bart Helmholt. Dy springt yn de twadde klasse, mar is wol wis fan in plak by de bêste acht.

(advertinsje)
(advertinsje)