Vincent Wevers: ik ha gjin fysyk geweld brûkt tsjin turnsters

31 jul 2020 - 19:15

Turncoach Vincent Wevers seit dat er nea fysyk geweld brûkt hat tsjin turnsters. Dat seit er yn in ynterview by de NOS. Dêr reagearret Wevers, dy't ek training joech yn Fryslân, foar it earst op de beskuldigingen fan ferskate âld-turnsters.

Vincent Wevers - Foto: www.orange-pictures.nl

Sa seit in âld-turnster fan DOS yn Dronryp, dy't anonym bliuwe wol, dat der in strafkultuer wie ûnder Wevers en syn frou Gemma. De âld-turnster is net skopt of slein, mar wol útskolden. Joy Goedkoop fertelde ferline wike dat se wol skopt en slein is.

"In mijn hele turncarrière, en die duurt al een tijdje, heb ik nog nooit een turnster geslagen of geschopt", seit Vincent Wevers. "Ik heb geen fysiek geweld gebruikt. Dat was een aantijging die heel hard aankwam."

"Hard en spartaans"

Wevers jout wol ta dat er de jonge turnsters net goed behannele hat. "De cultuur was hard en spartaans", seit er. "Ik heb me aangesloten bij de cultuur die er toen was. Er was weinig ruimte voor inspraak van turnsters. Met de kennis die ik nu heb zou ik dat never nooit meer doen. Ik ben nooit de zaal ingegaan met verkeerde intenties, maar dat wil niet zeggen dat we het toen goed deden. Het was een foute tijd, dat vind ik met de kennis van nu heel erg."

Zij hebben gelijk, want dat is hoe zij het hebben ervaren.

Vincent Wevers oer de turnsters

"Ik betreur dat turnsters die zich nu melden deze dingen benoemen en daar nog steeds last van hebben. Dat vind ik gewoon heel erg", seit er. "Dat is nooit mijn intentie geweest, maar het is er wel. Dat besef ik. Zij hebben gelijk, want dat is hoe zij het hebben ervaren."

Gymnastykuny KNGU hat dizze wike it topsportprogramma stillein, salang't it ûndersyk nei de misstannen yn de sport rint. Seis coaches, ûnder wa ek bûnscoach Gerben Wiersma fan It Hearrenfean, meie yn dy tiid ek net har funksje as trainer útfiere.

Trefwurden: 
turnjen KNGU Vincent Wevers
(advertinsje)
(advertinsje)