Jumbo-Visma is earste reedrydploech op simmeriis fan Thialf

31 jul 2020 - 18:52

De earste wike simmeriis op Thialf soarge noch net foar in eksploazje oan riders op It Hearrenfean. De earste folsleine ploech dy't dizze wike op it iis stie, wie Jumbo-Visma. It wiene foar de Fryske riders út dy ploech, Sven Kramer en Antoinette de Jong, net de earste streken op iis dit seizoen. In oantal wiken lyn hiene se foar in trainingskamp nei it Súd-Dútske Inzell west.

"It is wol fijn om hjir wer ride te kinnen. Thialf is wer iepen, dat is altyd goed", fertelt De Jong nei ôfrin fan har earste training. Spesjaal om wer yn Thialf te riden, is it net foar Kramer: "Ast 34 bist, dan is dat gjin momintsje mear. It is prima, sa as altyd."

Ferrast dat Jumbo-Visma de earste ploech yn Thialf is, is Kramer net. Neffens him komt it trochdat it simmeriis der letter leit as ferline jier. "It is seis wiken te let en dat is ek de reden dat der fan 'e wike noch amper riders binne. Hast eltsenien hat nei Inzell west, nimt dizze wike rêst en begjint takom wike wer."

Sven Kramer foaroan op it iis fan Thialf - Foto: Jumbo-Visma

Wêr't Kramer der goed op stiet en in goeie simmer draaid hat oant no ta, sit dat foar De Jong wat oars. Se is yn juny operearre oan har noas. "It soe fuort nei it seizoen yn maart al, mar troch corona koe dat net. It wie konstant datst ferkâlden bist en it ticht siet. It behindere my al twa jier, mar ik tocht: no moat ik der wat oan dwaan, want folgjend jier is it olympysk seizoen."

It wie foar De Jong efkes ôfwachtsjen hoe't se har fielde nei dy operaasje, mar eins liket it hartstikke goed. "De tests wiene prima, dêr bin ik hiel bliid mei."

Antoinette de Jong mei efter har Joy Beune en Robin Groot - Foto: Jumbo-Visma

Yn augustus wurdt mear dúdlik oer hoe't de reedrydkalinder der foar kommend seizoen útsjocht. It ynternasjonale reedrydbûn ISU hat al in skema makke, mar dat wie foar de coronakrisis útbruts. Dêrtroch is it ûnwis wat der wol en net riden wurde kin. Wêr't de riders en de ISU noch wolris tsjinoer inoar steane, wurdt der no gearwurke, konstatearret Kramer. "Ik tink dat we hiel fleksibel binne en dat we der alles oan dogge om ride te kinnen, sûnder dat minsken dêr sûnenstechnysk lêst fan hawwe."

Ferskate senario's

Kramer is ek belutsen by de kalinder, sa docht bliken as we him der nei freegje. Hy kin der noch net al te folle oer sizze: "Der binne ferskate senario's. We hawwe neitocht om mear bûten te riden, dêr ha je minder lêst fan de oardel meter. We kinne hjir yn Thialf mear wedstriden ride of mear yn Europa. Of it kin hiel goed gean, dat we wol oeral ride. Dus der binne ferskillende opsjes."

Dat sil earne yn de kommende wiken dúdlik wurde. ISU hat witte litten dêr foar septimber mei nei bûten te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)