FIDEO: Fierljeppen yn Bûtenpost

31 jul 2020 - 18:25

It fierljeppeloton wie freed yn Bûtenpost. It wie de lêste 1e-klasse-wedstriid foardat de bêste acht fierljeppers har pleatse foar de topklasse. Sjoch hjir de wedstriid mei kommentaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma en âld-fierljepper Hannes Scherjon.

Livestreams Fierljeppen

Omrop Fryslân fersoarget dizze simmer alle wykeinen in livestream fan it ljeppen yn de 1e klasse.

  • Freed 31 july Bûtenpost
  • Sneon 8 augustus Winsum
  • Sneon 15 augustus Gryptsjerk
  • Sneon 22 augustus Drylts

Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere en binne werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube op ús webside en de Omrop-app.

It FK fierljeppen is op 5 septimber yn Winsum en it NK is op 19 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen wurde live útstjoerd troch Omrop Fryslân op tv.

Trefwurden: 
fierljeppen Bûtenpost
(advertinsje)
(advertinsje)