"Myn broer en ik dogge ús bêst, ek yn de takomst sile de Brouwers"

31 jul 2020 - 18:00

It ferline en de takomst komme byinoar yn de lêste útstjoering fan it Skûtsjesjoernaal, want heit en soan Brouwer binne te gast. Harmen Brouwer soe dit jier debutearje yn de SKS as skipper. Hy sylde mei syn broer Sytze as bemanningslid mei op Hearrenfean, mar is no sels de skipper fan Langwar. De Jonge Jan is it nije skûtsje. Hy hie wakker nocht om de striid oan te gean mei syn broer, mar dat moat no takom jier.

Pieter Brouwer wie earder skipper fan Hearrenfean en waard trije kear kampioen yn de SKS op de Gerben van Manen. Mei de manlju prate we oer it ferline en de takomst fan it silen en hoe't dat is yn in famylje dêr't it skûtsjesilen boppe-oan stiet.

Oan de takomst fan de Brouwers op skûtsjes wurdt trouwens hurd wurke neffens Harmen: "Myn boer en ik neuke as kninen, dus de Brouwers bliuwe wol silen yn de takomst."

Yn de reportaazje reaksjes fan skippers op it net trochgean fan it silen en de moaiste bylden fan de ôfrûne jierren en de fiere skiednis. De oade komt fan Nynke de Jong.

Foto: Omrop Fryslan

It Skûtsjesjoernaal wie twa wiken lang te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoeringen kamen alle dagen út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei. Alle kearen skoden der twa gasten oan by de tafel fan presintator Simone Scheffer. Dêrby wie der fansels wiidweidich oandacht foar de grutte ferhalen, de stoere skippers en de legindaryske anekdoaten fan eartiids.

Alle ôfleveringen fan it Skûtsjesjoernaal binne hjir werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)